Oud-Maarsseveen is in buorskip yn de gemeente Stichtske Fecht, in de provinsje Utert. It doarp hat 270 ynwenners (2005).

Oud-Maarsseveen is, krekt as it oangrinzjende Tienhoven, ûntstien troch de oanlis fan in dwersfeart mei in dyk yn in moeraseftich gebiet. Der waarden lanhalige kavels útjûn t.b.f. boulân en greiden. De kavels fan Oud-Maarsseveen, dy't fakentiden hûnderten meters lang wienen, kamen knel te sitten tusken dy fan Tienhoven en Westbroek en einige dan ek yn in punt.

Fan 1811 oant 1812 wie Oud-Maarsseveen in selsstannige gemeente, doe't dy opgie yn de gemeente Tienhoven. Fan 1818 oant 1949 wie Oud-Maarsseveen, mank mei Nieuw-Maarsseveen ûnderdiel fan de gemeente Maarsseveen. Op 1 july 1949 gie de gemeente op yn de gemeente Maarssen, dy't yn 2011 opgie yn de gemeente Stichtske Fecht.

Stichtske Fecht
Doarpen:
BreukelenKockengenLoenen oan de FechtLoenerslootMaarssenMaarssenbroekNieuwersluisNieuwer Ter AaNigtevechtOud-ZuilenTienhovenVreeland
Buorskippen:
BethunepolderKerklaanMaarsseveenMolenpolderMijndenNieuwerhoekNieuw-MaarsseveenOud-Maarsseveen
· · Berjocht bewurkje