Outram Bangs
Outram Bangs (Watertown (Massachusetts), 12 jannewaris 1863 – Wareham (Massachusetts), 22 septimber 1932) wie in Amerikaansk soölooch en publisist. Hy lei him ûnder syn karriêre benammen ta op 'e ornitology en de mammalogy.
Outram Bangs | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Outram Bangs | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 12 jannewaris 1863 | |
berteplak | Watertown (Massachusetts) | |
stoarn | 22 septimber 1932 | |
stjerplak | Wareham (Massachusetts) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | soölooch | |
aktyf as | ornitolooch, mammalooch, publisist, konservator | |
jierren aktyf | 1884 – 1932 |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeBangs waard yn 1863 berne yn Watertown, yn 'e steat Massachusetts, as de twadde soan yn it gesin fan Edward Bangs en dy syn frou Annie Outram Hodgkinson. Hy studearre fan 1880 oant 1884 oan 'e prestizjeuze Universiteit fan Harvard, yn Cambridge (Massachusetts), ûnder de reek fan Boston.
Syn kolleksje fan mear as 10.000 sûchdierskedels en -hûden bea er yn 1899 oan 'e Universiteit fan Harvard oan. Yn 1900 waard Bangs dêr oansteld as de konservator fan Museum fan Ferlykjende Soölogy fan 'e universiteit. Yn 1906 besocht er Jamaika, dêr't er mear as hûndert fûgeleksimplaren sammele. Doe't er mei dengue oanhelle rekke, wied er lykwols twongen om 'e reis ôf te brekken.
Yn 1908 bea Bangs syn kolleksje fan 24.000 fûgelhûden oan it Museum fan Ferlykjende Soölogy oan, en neitiid wreide er dy noch fierder út. Yn 1925 reizge Bangs nei Jeropa, dêr't er museä besocht en kontakten lei mei pleatslike ornitologen. Teffens beävensearre er útwikselings fan kolleksjes foar it Museum fan Ferlykjende Soölogy. Under syn karriêre skreau Bangs mear as 70 boeken en artikels, wêrfan 55 oer sûchdieren. Bangs kaam yn 1932 yn syn simmerwente yn Wareham te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 69 jier.
Wurk (in kar)
bewurkje seksje- 1896 – The Florida Deer
- 1899 – The Hummingbirds of the Santa Marta Region of Colombia
- 1899 – The Florida Puma
- 1905 – The Mammals and Birds of the Pearl Islands, Bay of Panama (mei John Eliot Thayer)
- 1914 – Notes on the Birds and Mammals of the Arctic Coast of East Siberia (mei Glover Morrill Allen en John Eliot Thayer)
- 1916 – A Collection of Birds from the Cayman Islands
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |