Ovengebou en sliperij fan Keverling

It Ovengebou en sliperij fan Keverling is in ryksmonumint oan de Gieljittersstrjitte 6 op De Jouwer. It eardere bedriuwsgebou fan Gieljitterij Keverling is ûnderdiel fan Museum De Jouwer.

Ovengebou mei sliperij

It âldste diel fan de gieljitterij waard boud yn 1854. Yn 1911 waard it fabryk útwreide mei it hjoeddeiske ovengebou. Dit bestiet út in heech middengebou fan twa boulagen mei in oerstekkend sealdak yn sjaletstyl, mei oan beide siden in ienlaachske oanbou mei platte dakken. It ovengebou mei sliperij waard oplutsen út giele Fryske giele stien en oranje-reade (sier)stien. It monumint hat in sealtek fan fryske weachjespannen. De oerstek hat in trochhingjende makelder mei bewurke latwurk.

It gebou hat in soad ramen mei draachbalken en ferdieling fan getten izer. Fierders binne der oranje-reade sierstiennen ienstiens hoannekamen en profilearre bakstiennen finsterbanken. Yn de geveltoppen sit in rûn finster mei in jitizeren roasfoarm oan de foarkant en in rjochthoekich finster mei jitizeren ferdieling oan de efterkant. It gebou hat sier-en stêfankers. Op de foargevel steane de jiertallen 1854 en 1911. De rûnmitsele skoarstien is, útsein it ûnderstik, ôfbrutsen by de restauraasje yn 1984-1985. Yn 1983 waard it bedriuw oankocht troch de gemeente. By de restauraasje fan 1996 binne de earder weihelle houten tekstbuorden boppe de sydfleugels weromsetten.[1]

Yn it gebou steane de kokes- en gasoven fan de eartiidske jitterij en de masines fan de sliperij, skuorderij en polysterij. Foar dat doel hat de ferdjippingsflier fan it sintrale blok swiere op I-profilen rêstende trochferwulften.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: