In púnskeante is in berchskeante of heuvelskeante oan 'e foet fan in steile rotswand of ûnderoan in ravyn, dy't bestiet út losse stienslach en lytser pún. De hellingshoeke fan sa'n skeante wurdt bepaald troch de grutte fan it pún.

In púnskeante by de Mount Yamnuska yn 'e Rocky Mountains fan Alberta.

De stiennen dêr't in púnskeante út bestiet, ûntsteane ornaris troch it útsetten en ynkrimpen fan grutte stiennen by perioaden fan froast en tei. Dêrby ûntsteane lytse skuorkes en barstkes yn 'e stiennen, dêr't wetter yn siperje kin. As it dan wer friest, set it wetter út en driuwt it de stien as in kyl útinoar oant de stien midstwa spjalt. Werhelling fan dat proses, dat meganyske ferwaring hjit, smyt lang om let in bulte hieltyd finer wurdend pún op.

Foar berchbeklimmers binne púnskeanten gefaarlike plakken, mei't se har dêr op in ûnfêste ûndergrûn bejouwe, dy't troch de wurking fan 'e swiertekrêft maklik berchôf rôlje kin. It delgean by in púnskeante is relatyf maklik om't men dan mei it pún mei beweecht. It opgean fan in púnskeante is swier en dreech om't men dan mei eltse stap mei pún fersakket, sadat men amper foarútkomt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.