De Pûna-ibis (Plegadis ridgwayi) is in fûgelsoarte út it skaai brune glânsibissen (plegadis) fan 'e famylje fan 'e wylpreagerfûgels (Threskiornithidae). De namme fan de fûgel ferwiist nei de Pûna oftewol it Heechlân fan Bolivia, in heechflakte yn de Andes.

Pûna-ibis
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae)
skaai brune glânsibissen (Plegadis)
soarte
Plegadis ridgwayi
Allen, 1876
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
 
Pûna-ibis yn Perû.

De Pûna-ibis wurdt likernôch 52 oant 60 sm lang en is 500 oant 700 gram swier. De foar it measte donkere fûgel mei brúne en irisearjende fearren hat it typyske uterlik fan 'e ibis. De lange, tinne en rôze snaffel, dy't ferskilt mei de besibbe glânsibis en wytmaskeribis wurdt brûkt om yn 'e drits nei slakken, kikkerts en ynsekten te sykjen.

Fersprieding

bewurkje seksje

De soarte komt yn 'e Andes fan Perû, Bolivia, Sily en Argentynje op in hichte fan 3.100 oant 4.800 m foar en libbet yn sompige gebieten en gerslân.

Oer it gedrach fan 'e Pûna-ibis is net in soad bekend. De fûgel briedt yn koloanjes yn reitfjilden. It lechsel bestiet ornaris út twa aaien.

De populaasje wurdt rûsd op 6.700-10.000 folwoeksen fûgels en de soarte waard yn 2016 troch IUCN op 'e Reade list as net bedrige klassifisearre. Der wurdt tocht dat it oantal troch biotoopferlies stadichoan ôfnimt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Punasichler (ferzje 25 april 2024)