Publishers Weekly
Publishers Weekly (PW) is in Amerikaansk wykblêd en literêr tydskrift, dat him foar syn lêzerspublyk as fakblêd taleit op útjouwers, bibletekarissen, boekferkeapers, literêre aginten en literatuerkritisy. It bestiet sûnt 1872 en ferskynt 51 kear yn 't jier by de eigen útjouwerij PWxyz LLC (foarhinne Publishers Weekly, Inc.). Tsjintwurdich leit de klam benammen op 'e resinsjes fan nijferskynde boeken.
Publishers Weekly | ||
algemiene ynformaasje | ||
hist. namme | The Publishers' Weekly | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | fakblêd, literêr tydskrift | |
frekwinsje | 1x wyks | |
bestean | 1872 – no | |
oprjochter | Frederick Leypoldt | |
plak haadred. | New York (New York) | |
útjouwer | PWxyz LLC | |
oplaach | 15.778 (2015) | |
ISSN | 0000-0019 | |
offisjele webside | ||
www.publishersweekly.com |
Skiednis
bewurkje seksjePublishers Weekly waard oprjochte troch de yn Dútslân berne Amerikaanske bibliograaf Frederick Leypoldt, dy't oan 'e ein fan 'e 1860-er jierren foar it earst it idee foar sa'n faktydskrift krige. Hy liet ferskate titels yn him omgean, oant er úteinlik keas foar The Publishers' Weekly ("It Wykblêd fan de Utjouwer"). It lidwurd en de apostrof ferdwûnen geandewei de tweintichste iuw út 'e titel. Yn 1872 ferskynde de earste edysje, en fan doe ôf oant no ta is it tydskrift oan ien stik wei ferskynd.
Yn 't earstoan bestie de ynhâld fan it blêd út in kompilaasje fan ynformaasje dy't fersoarge waard troch ûnderskate útjouwers en sammele waard út oare boarnen. It publyk dêr't it blêd op rjochte wie, bestie benammentlik út boekferkeapers. Fjouwer jier nei de oprjochting, yn 1876, waard Publishers Weekly lêzen troch njoggen fan de tsien Amerikaanske boekferkeapers. Yn 1878 die Leypoldt it tydskrift mei syn tiidrôvjende gearstalling oer oan syn freon Richard Rogers Bowker, sadat hy wer oare dingen ûndernimme koe.
Stadichoan begûn de ynhâld te ferskowen nei ien dy't rjochte wie op in algemiener publyk, mei artikels en rubriken. Under it haadredakteurskip fan Harry Thurston Peck waarden yn 1895 de earste bestsellerlisten opnommen, al waarden dy pas yn 1917 skifte yn aparte listen foar fiksje en non-fiksje. In grut diel fan 'e tweintichste iuw, mear as fjouwer desennia lang, stie Publishers Weekly ûnder lieding fan haadredakteur Frederic Gershom Melcher, dy't yn it blêd romte frijmakke foar ynformaasje oer berneboeken. Pas yn 'e 1940-er jierren waarden de earste boekresinsjes yn it tydskift opnommen. Dy waarden stadichoan wichtiger, en foarmje hjoed de dei de haadmoat fan 'e ynhâld.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |