Pajala is it grutste plak en it bestjoerssintrum fan de Sweedske gemeente Pajala. Pajala is ferneamd nei syn stichter, in soarte fan hannelsfertsjintwurdiger/douanier, Lasse Pajanen, út de lette 16e iuw. Ut Pajala wei waarden in tal doarpen yn de omkriten stichte.

Palaja
De gemeente Palja mei it plak Palaja
De gemeente Palja mei it plak Palaja
Bestjoer
Lân Sweden
Lânskip Norrbotten
Gemeente Pajala
Sifers
Ynwennertal 1.958 (2010)
Oerflak 3,78 km²
Befolkingsticht. 518 / km²
Oar
Tiidsône CET (UTC+1)
Simmertiid UTC+2
Offisjele webside
Webstee fan Pajala

Pajala leit oan de rivier de Torne, 7 km foar de gearrin mei de Muonio yn it easten; de grins mei Finlân.

Yn de 20e iuw is it doarp bombardearre troch de eardere Sovjet-Uny yn de striid mei de Finnen (1940) yn de Winteroarloch. Nei de oarloch hat de Sovjet-Uny de skea fergoede.


Berne yn Palaja

bewurkje seksje