Pakhûs Burmania
It Pakhûs Burmania is in earder pakhûs yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert. It waard boud yn 1876, en it stiet oan 'e Eastersingel, oan it wetter fan 'e Easter Stedsgrêft, dêr't it goed berikber wie foar de binnenfeart. Dat wie wichtich doe't it noch in funksje as pakhûs hie. It Pakhûs Burmania is no in ryksmonumint, dat yn 2018 fan binnen omboud waard om in tal apparteminten te húsfêstjen.
Pakhûs Burmania Pakhuis Burmania | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert (gemeente) | |
plak | Ljouwert (stêd) | |
adres | Eastersingel 64 | |
koördinaten | 53°12′14″ N 5°48′18″ E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | pakhûs | |
boujier | 1876 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 24333 | |
kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt Pakhûs Burmania waard boud yn 1876, doe't der grutte bedriuwichheid bestie yn it gebiet tusken It Fliet en de Oldegalileeën. Oarspronklik die it tsjinst foar de opslach fan nôt. As nôtpakhûs wie it efterinoar yn gebrûk by de firma's De Vries, W.J. Nauta, Moalfabryk en Grutterij Burmania en Nôthannel B.C. Algra. Yn 1970 waard yn it gebou in antykhannel fêstige, en yn 1979 krige it in nije funksje as kantoargebou foar Reklameburo Weda.
Op 23 augustus 1983 krige it Pakhûs Burmania de status fan ryksmonumint. Dêrby wiene benammen de bûtenkant fan it gebou en de ûnbidich grutte kap fan histoaryske wearde, mei't it ynterieur al earder ferboud wie. Mids july 2018 ferliet Weda it gebou, en gie it oer yn 'e hannen fan in projektûnwikkeler. Dy naam it buro Adema Architecten yn 'e earm om der fyftjin hierapparteminten yn oan te lizzen, dy't útinoar rinne soene fan 65 oant 90 m², ferdield oer alle seis ferdjippings.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|