Panagia Kanakaria
De Panagia Kanakaria (Gryksk: Εκκλησία της Παναγίας Κανακαριάς, Ekklisía tis Panagías Kanakariás) is in Byzantynsk tsjerkegebou yn Lythrangomi op it skiereilân Karpas yn it noardeasten fan 'e ynternasjonaal net erkende Turkske Republyk Noard-Syprus.
Panagia Kanakaria | ||
Lokaasje | ||
lân | de jure Syprus de fakto: Noard-Syprus | |
distrikt | de jure: Famagusta de facto Gazimağusa | |
plak | Lythrangomi | |
koördinaten | 35° 28 N, 34° 10 'E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 14e iuw | |
boustyl | gotyk | |
Kaart | ||
Bouskiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard om it jier 500 boud as trijeskippige basilyk mei in houten dak. Om it jier 530 hinne waard de tsjerke fersierd mei mozaïken. Yn 'e 7e iuw waard de tsjerke by Arabyske ynfallen ferneatige. Nei in pear desinnia waard de tsjerke werboud, no mei in troch stiennen pylders ûnderstipe dak. Yn it jier 1160 waard dat gebou by in ierdskodding ferneatige. Allinne de apsis bleau stean.
Der folge op 'e nij werbou en no mei in koepel. De âlde apsis waard yn 'e nijbou yntegrearre. Yn dy apsis wiene de mozaïken fan 'e âlde tsjerke noch oanwêzich mei foarstellings fan 'e Jongfaam Marije en it bern Jezus op in troan yn in mandorla. Njonken har stiene de aartsingels Gabriël en Michaël. It mozayk bestie út likernôch 40 ferskillende kleuren glês en stientsje. Oan ien glêssoarte waard heilsume krêft taskreaun en troch it jimmeroan oanreitsjen fan pylgers rekke it mozayk skansearre. Yn 1491 stoarte by in ierdskodding de koepel yn en by de renovaasjes krigen de muorren nije fresko's. Yn 'e 18e iuw waarden in pear kleastergebouwen by de tsjerke set. De klokketoer waard yn 1888 tafoege.
Plondering
bewurkje seksjeNei de ferdriuwing fan 'e Gryksk-Syprioaten yn 1974 waard de tsjerke sletten. De lêste Grykske bewenners fan Lythragkomi waarden yn 1976 twongen om op te pakken. Sûnt binne der troch de Turk Aydik Dikmen mozaïken en fresko's út de tsjerke stellen, mei help fan Turkske troepen it lân út holpen en troch keunsthandlers Robert Fitzgerald en de Nederlanner Michel van Rijn ferkocht oan in keunsthandler út Indianapolis.[1][2][3] Nei in útspraak fan 'e Amerikaanske rjochter yn 1988 moasten dy keunstwurken werom nei Syprus. Om't de Turkske Republyk Noard-Syprus net erkend wurdt, kamen dy mozaïken net werom yn 'e tsjerke, mar yn it Byzantynsk Museum fan Nikosia.
Aydın Dikmens hie wenten yn München en alhoewol't syn stelderij bekend wie, waarden syn wenten net ûndersocht. Wol waard Dikmens yn Dútslân foar belestingûntdûking feroardiele om 't er de winsten fan 'e rôf net opjûn hie. Op oantrunen fan Tasoulla Hadjittofi, de Syprioatyske honorêr konsul yn De Haach, waarden syn wenten yn 1997 dochs ûndersocht en dêr waard in grutte keunstkolleksjefan mozaïken, fresko's, ikoanen, manuskripten en reliken út Noard-Syprioatyske tsjerken en kleasters ûntdutsen mei in rûsde wearde fan 70 miljoen DM. Gruttere dielen fan 'e út de Panagia Kanakaria mozaïken misse lykwols noch jimmeroan en binne nei alle gedachten yn ferskillende yllegala keunstsamlingen telâne kommen. Yn 'e tsjerke binne allinne de rânefragminten fan 'e mozaïken oanwêzich.
Yn 2024 waarden nei in 27 jier lange juridyske striid de lêste 60 tsjerklike keunstwurken fan 'e stellen kolleksje fan Dikmens oan Syprus werom jûn. [4]
Plondering tsjerken yn Noard-Syprus
bewurkje seksjeDe Panagia Kanakaria is net de iennige tsjerke fan Noard-Syprus dy't nei de Turkske ynvaazje fan 1974 plondere waard. It rapport Destruction of Cultural Property in the Northern Part of Cyprus and Violations of International Law fan 'e United States Law Library of Congress skriuwt oer mear as 500 otterdokse tsjerken en kapellen, dy't tusken 1974 en 2009 plondere, ferneatige of feroare binne yn in moskee. Likernôch 15.000 oant 20.000 keunstwurken binne sûnt ferdwûn.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|