It Park Ter Huivra, yn de folksmûle it Lytse parkje is in park op De Jouwer. It park wurdt ynsletten troch de Geert Knolwei oan de noardeastkant, de Merk oan de noardwestside en strjitte Ter Huivra. It park bestiet neist gers út twa hege beammegroepen en in fiver. Yn 2018 is it park renovearre en binne stinzeplanten oanplante.[1] It park is oankocht troch de gemeente en is frij tagonklik. Oan it park steane twa apparteminten dy't troch Jousters 'de twa akwariums' neamd wurde.[2] De al lang ferdwûne muzyktinte yn it park waard op simmerjûnen wol brûkt troch muzykferiening 'Concordia'.

It park yn 2019

Filla Ter Huivra

bewurkje seksje

It park is neamd nei de filla 'Ter Huivra' dy't oan it begjin fan de Skien stie. Ter Huivra waard yn 1864 boud troch P.B. Vegelin van Claerbergen foar syn soan Valerius Lodewijk, dy't der oant 1892 wenne mei syn frou Jacoba Everdina Sickenga. De namme Ter Huivra is de Latynse útdrukking foar 'plak dêr't de hjouwer groeit'. Nei 1892 waard de filla bewenne troch Arent Johan Vegelin van Claerbergen. Yn 1906 waarde de filla oankocht troch de gemeente Haskerlân foar boargemaster Willem Hoekstra (1906-1910) en syn opfolger P.B.J. Vegelin van Claerbergen (1910-1924). Vegelin van Claerbergen ferhuze doe nei Heremastate. Fan 1925 oant 1942 waard de filla it kantoar fan notaris Ph.J. van der Werf. Yn de oarlochsjierren waard in diel fan de filla tydlik bewenne troch boargemaster P.W. ter Haar. Notaris P. Kuindersma brûkte Ter Huivra fan 1947 oant 1958 as syn kantoar.

 
Ter Huivra

Yn 1958 waard de filla kocht troch de herfoarme diakonij dy't it yn 1960 oerdroech oan de 'Friese Christelijke Boeren- en Tuinders Bond'. Yn 1965 is it ferfallene hûs ôfbrutsen en waard in diel fan it terrein brûkt foar de kristlike mulo en húshâldskoalle. Noch wer letter kaam dêr it noch besteande grutte gebou fan de Raiffeisenbank.

 
Muzyktinte

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: