Parseburo

(Trochferwiisd fan Parseburo's)

In parseburo, ek parse-agintskip, nijsagintskip, parsetsjinst of nijstsjinst neamd, is in bedriuw dat kranten, tydskriften, radiostjoerders, tillefyzjestjoerders en oare media (ornaris) op deistige basis fan nasjonaal en ynternasjonaal nijs foarsjocht. Om't it foar de measte media-organisaasjes finansjeel net útkin om yn elts lân in korrespondint te hawwen, meitsje se gebrûk fan ien of mear parseburo's. In media-organisaasje moat dêrfoar lid wurde fan it oangeande parseburo, wêrnei't dat yn in konstante stream nijs oanleveret.

Hoewol't der hûnderten parseburo's besteane, binne der mar trije sa grut dat se yn frijwol alle lannen en territoaria fan 'e wrâld korrespondinten hawwe. Dat binne Associated Press (AP) út 'e Feriene Steaten, Reuters út it Feriene Keninkryk en Agence France Presse (AFP) út Frankryk. Oare bekende parseburo's binne United Press International (UPI) en Bloomberg News út 'e Feriene Steaten, Interfaks en ITAR-TASS út Ruslân, Xinhua út Sina, Deutsche Presse-Agentur (DPA) út Dútslân en Inter Press Service (IPS) út Itaalje.

Yn Nederlân binne trije parseburo's aktyf:

In fjirde Nederlânsk parsebureau, Geassocieerde Pers Diensten (GPD) hold per 1 jannewaris 2013 op te bestean.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.