Patrick MacDougall fan Freuch

Patrick MacDougall fan Freuch (ek wol skreaun as: Patrick MacDougall fan Freugh) wie in Skotske laird út 'e santjinde iuw, dy't fan Stoneykirk kaam, op it Skiereilân fan Galloway. Hy hearde ta de Clan MacDougall, en wie fan leauwe in presbyteriaan. As sadanich sleat er him oan by it Kovenant, in ferbûn fan lyksinnigen dy't har mei geweld fersetten tsjin 'e polityk fan kening Karel II fan Ingelân en Skotlân om yn Skotlân it anglikanisme ta steatsgodstsjinst te meitsjen.

Patrick MacDougall fan Freuch
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum 16??
berteplak Stoneykirk? (Skotlân)
stjerdatum 16??
stjerplak ?
etnisiteit Skotsk

Yn 1680 waarden as straf foar MacDougall fan Freuch syn opstanningens syn besittings ûnteigene en oan in favoryt fan 'e kening jûn, John Graham fan Claverhouse, boarchgreve fan Dundee. Nei de fal fan Karel syn broer en opfolger Jakobus II en VII by de Glorieuze Revolúsje fan 1688, waard yn 1690 troch it Skotske parlemint in wet oannommen wêryn't beävensearre waard dat MacDougall fan Freuch en alle oare ûnteigene Kovenanters harren besittings weromkrigen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: