Paul du Chaillu
Paul Belloni du Chaillu (Wierskynlik Réunion, 31 july 1831 - Sint Petersburch, 29 april 1903) wie in Frânsk-Amerikaanske (ûntdekkings)reizger en antropolooch. Hy waard ferneamd yn de 60er jierren fan de 19e iuw doe't er as earste moderne westerling it bestean fan gorillas en letter it bestean fan de Pygmeeën fan Sintraal-Afrika befêstige. Letter yn syn libben ûndersocht hy de prehistoarje fan Skandinaavje.
Jeugdjierren
bewurkje seksjeDer binne tsjinstridige ferslaggen oer Du Chaillu syn berteplak en bertejier. Moderne wittenskippers hâlde it meast op 1831 ,[1] 1835 of 1839 en yn alle gefallen 31 july as datum; Parys en New Orleans wurde neamd as berteplak[2] . Syn freon Edward Clodd hat New York neamd, mar in oar seit dat it grif it Frânske eilân Réunion west hat.[3] Du Chaillu hat sels alris referearre oan "the United States, my country by adoption, and ... France, my native land."[4] Op syn grêf stiet dat Du Chaillu yn Louisiana, yn 1839 berne is .
Du Chaillu wie in soan fan in Frânske keapman en slavehâlder yn tsjinst fan in Paryske firma. Yn syn jeugd beselskippe er syn heit nei de westkust fan Afrika nei in hannelspost oant it estuarium fan de rivier de Gabon. Dêr krige er ûnderrjocht fan misjonarissen en die er in protte kennis op fan it lân, natuerlike histoarje, de bewenners en harren talen.
Afrika
bewurkje seksjeYn 1855 waard Du Chaillu troch de Academy of Natural Sciences út Philadelphia op in ekspedysje nei Afrika stjoerd. Oant 1859 ferkende er West-Afrika, it gebiet om de evener hinne, en garre dêr kennis oer de delta fan de rivier de Ogooué en it estuarium fan de Gabon. Op syn reizen fan 1856 oant 1859 naam er tal fan gorillas waar, dy’t by westerlingen allinne bekend wiene út it net sa betroubere ferslach fan Hanno de Seefarder fan Kartago út de 5e iuw f.Kr. en by wittenskippers ek fan in stikmannich skeletten. Hy brocht deade eksimplaren mei werom en presintearre himsels as de earste blanke persoan dy’t dy gorilla's sjoen hie.[5]
In folgjende ekspedysje, fan 1863 oan 1865, stelde him by steat om âlde ferhalen oer in pygmeefolk dat yn de Afrikaanske bosken húsmanje soe te befêstigjen. Du Chaillu ferkeape syn gorillas oan it Natural History Museum yn Londen en syn "kannibaleplassen" oan oare Europeeske kolleksjes. Ferslaggen fan beide ekspedysjes waarden efterelkoar publisearre yn 1861 en 1867, ûnder de titels Explorations and Adventures in Equatorial Africa, with Accounts of the Manners and Customs of the People, and of the Chace of the Gorilla, Crocodile, and other Animals en A Journey to Ashango-land, and further penetration into Equatorial Africa. Wilens wie er yn Asjango yn 1865 keazen ta kening fan de Apingystam. Letter, yn 1872, waard noch in boek útbrocht, The Country of the Dwarfs.
Yn dy tiid waard hy in protte frege yn de lêzingssirkwyen fan New York, Londen en Parys. Yn it earstoan, nei syn earste reis, wie der in soad krityk op syn ferslaggen en waard hy troch in protte wittenskippers net leaud. Dat hie ek te krijen mei frijwat dizige ferhalen oer syn komôf; hy soe ‘negerbloed’ hawwe en dat wie wat yn dy tiid. Letter koe de wittenskip net mear om him hinne fanwege de fynsten dy’t er mei werombrocht, mar de 'Encyclopædia Britannica' bleau fernijen dat "possibly some of the adventures he described as happening to himself were reproductions of the hunting stories of natives."
Noard Europa
bewurkje seksjeYn de jierren nei syn reizen wenne er yn de Feriene Steaten en skreau er ferskate boeken foar de jongerein dy’t basearre wienen op syn Afrikaanske aventoeren. Dêrnei ferlei du Chaillu syn omtinken nei Noard-Europa. Nei in besite oan noard-Noarwegen yn 1871, bestudearre er fiif jier lang de gewoanten en âldheden yn Sweden, Noarwegen, Laplân en it noarden fan Finlân. Hy publisearre dêroer yn 1881 The Land of the Midnight Sun (opdroegen oan syn freon Robert Winthrop fan New York) yn twa dielen.
The Viking Age (ek yn twa dielen) út 1889 wie in brede stúdzje fan de iere skiednis en kultuer fan dy foarâlden fan Ingelsktalige folken. Hy wurke der goed acht jier oan en lies sekuer de hûnderten sêgen (en it bytsje oerbleaune literatuer) dy’t it libben fan de folken fan Skandinaavje, fan de stientiid oant de midsiuwen, beskreaune. Syn wurk lit it belang fan de ‘noarderlingen’ foar de kultuer op de Britske eilannen fan de 5e oant de 11e iuw sjen. Dat wie doe nijs en waard te spot makke troch bygelyks in Isaac Taylor. Yn 1900 brocht hy ek noch The Land of the Long Night út.
Du Chaillu stoar oan de gefolgen fan in beroerte by in besite oan Sint Petersburch. Hy leit bedobbe op it Woodlawn Cemetery yn de Bronx, New York.
Wurk
bewurkje seksje- Explorations and Adventures in Equatorial Africa. J. Murray, Londen 1861 online
- A journey to Ashango-Land and further penetration into Equatorial Africa. John Murray, Londen 1867 online
- My Apingi kingdom : with life in the great Sahara. Londen 1870
- The country of the dwarfs. Londen 1872
- World of the great forest. Londen 1902
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|