Pearse pipertuolle

De pearse pipertuolle (Russula sardonia; synonimen: R. drimeia, R. chrysodacryon en R. emeticiformis) is in poddestoel út de famylje Russulaceae.

Pearse pipertuolle
taksonomy
ryk skimmels (Fungi)
stamme stâltsjeswammen (Basidiomycota)
klasse plaatsjesswammen (Agaricomycetes)
skift tuolle-eftigen (Russulales)
famylje tuollen (Russulaceae)
skaai echte tuollen (Russula)
soarte
Russula sardonia
Fr (1838)
ferspriedingsgebiet
     waarnimmings
     gjin gegevens
     gjin befêstige waarnimmings
     net-Europeeske lannen.

De hoed fan 'e pearse pipertuolle is pears oant donkerread en likernôch 4 oant 10 sm grut mei by it âlder wurden yn 'e midden in dûk. Jonge poddestuollen binne heal bolfoarmich. De plaatsjes binne ljocht giel oant rjemmekleurich en steane ticht op inoar.

De 1-1,5 sm dikke stâl fan 'e pearse pipertuolle is yn 'e regel donkerread of -pears fan kleur en wat koarter as de trochsnit fan 'e hoed. De stâl is glêd en wurdt by it âlder wurden spûnseftich. De spoareprint is ljocht okergiel.

Ut en troch wurdt de soarte yn 'e typyske kleurfoarmen giel of grieneftich oantroffen. Sûnder mikroskopysk ûndersyk binne sokke eksimplaren dreech te determinearjen. Soarten dy't op 'e pearse pipertuolle lykje binne de spientuolle (R. caerulea), de appelrooktuolle (R. torulosa) en de poarperreade tuolle (R. queletii).

Fersprieding

bewurkje seksje

De soarte komt yn Europa foar. Yn it suden fan Súd-Amerika en Súd-Afrika is de pearse pipertuolle yntrodusearre. It is in algemien soarte dy't op soere en sânige grûn by dinnebeammen yn 'e bosk en op heidefjilden op 'e grûn te finen is.

Pearse purpertuollen rûke nei fruit. Se binne net ytber en smeitsje bitter en skerp. Wurde se iten dan kinne se maach- en termklachten feroarsaakje.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: