Penninga's Mole

(Trochferwiisd fan Penninga's mole)

Penninga's Mole is in nôtmole dy't sûnt 1900 op De Jouwer stiet. It is in ryksmonumint.

Penninga’s mole

De mole, destiids De Jonge Dolfyn neamd, waard oarspronklik yn 1692 as papiermole yn Westzaan boud foar Jelis Hendricksz. de Vries, dy't datselde jier ferstoar. Oant ûngefear 1717 waard de mole ek wol De Kroande Hânskaaf neamd, mooglik fanwege it houtseagersferline fan de destiidske eigener. Nei yn hannen west te hawwen fan ferskeidene eigeners waard de mole yn 1781 omboud ta in garstpelmole. Nei pleatsing fan in keppel mealstiennen yn 1869 waard de mole ek brûkt foar it meallen fan rys- en kofjedoppen. Trije jier letter komt de mole wer yn oare hannen, wêrnei't er as foeraazjemole brûkt wurdt.

 
De Jonge Dolfyn

Yn Westzaan stie hy east fan it doarp. It paad nei de mole ta hiet Koperenberchsepaad, nei de namme dy 't de mole yn de folksmûle hie: De Koperen Berch. Nei 't sein waard soe de opdrachtjouwer nammentlik spul krigen hawwe mei de bouwer, wêrnei 't hy inkeld yn lytsjild betelle, ofwol in berch koperen munten. Hjoed de dei is de namme fan dit paad de Jonge Dolfynstrjitte, oan de noardkant fan it begraafplak.

Yn de lêste desennia fan de 19e iuw rekke de mole yn de nederklits. Sa ûntstie der yn 1875 in lytse brân en sloech yn 1892 de bliksem yn, wêrnei in grutte skea ûntstie. Hjirtroch wie it foar moolner Auke Penninga mooglik om de mole te keapjen en nei De Jouwer skypje te litten. Yn juny 1900 waard de mole út inoar helle en waarden de ûnderdielen mei sylpreammen oer de Sudersee nei Fryslân ferfierd, wêr't de mole wer opboud waard.

 
Eastside mole

Yn april 1900 baarnde de Westerske Mole of De Westerberch fan mûnder Penninga ôf. Fan it ynbarde fersekeringsjild waard doe De Jonge Dolfijn kocht dy 't op it plak fan Penninga's âlde mole oan de Skipsleat opboud waard. Wat letter koe de as nôtmole omboude Jonge Dolfyn as De Nije Wester yn bedriuw nommen wurde. Yn de folksmûle waard de mole benammen bekend as Penninga's Mole. Oant 1936 waard de mole brûkt, dêrnei is der eins gjin ferlet mear fan de mole. In it gebiet om De Jouwer wurdt yn de jierren '30 fan de 20e iuw suver gjin nôt mear ferboud.

Fanwege min ûnderhâld en ûnder mear in swiere stoarm yn 1953, komt de molen stadichoan om. Yn de jierren '60 is fan de wjukken net folle mear oer en binne rûnom grutte gatten ûntstien. De mole wurdt yn 1968 oernommen troch de dan krekt troch partikulieren en oerheid oprjochte Stifting Penninga's Mole. In jier letter wurdt begûn mei de restauraasje, dy't 250.000 gûne kostjen gean soe. Op 10 maaie 1972 draaide de mole foar it earst wer, diskear troch frijwilligers.

Sûnt healwei de jierren '70 is yn it omlizzende gebiet de wenwyk 't Skippenkertier oanlein. Fan in stik lân flak benoarden de mole is in parkje makke. Inkele âlde ferfallen skuorren dy't oan de foet fan de mole stiene moasten om it jier 2000 hinne romte meitsje foar nijbou.

Ein jannewaris 2007 binne der renovaasje wurksumheden begûn oan de mole, tongersdei 25 jannewaris is de kape fan de mole lichten.

Fierders sil de mole nei alle gedachten in nije reidkape krije, en oare opknapwurk sil útfierd wurde.

De ferwachting is dat de renovaasje om april 2007 hinne dien is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: