Peter Jakobus fan Thabor of Piter fan Boalsert (latinisearre: Peter Jacobi Thaborita) (Boalsert, 1450 - dêre, 1527) wie in Frysk skiedskriuwer.

Der wurdt twivele oer de betroudens fan ien of mear ûnderdielen fan dit artikel.
Sjoch op de oerlisside foar mear ynformaasje en
pas nei kontrôle it artikel oan.


Syn heit wie Jakob Schuitmaker, waans namme ek skreaun wurde kin as Petrus Schuitmaker. Petrus kaam op âldere jierren yn it kleaster, doe't er widner wie. Hy hie twa soannen. De efternamme hie er krigen fan it kleaster Thabor by Snits, dêr't er likebroer yn wie. Troch him is in gronologysk oersjoch makke fan nijsgjirrige saken út de histoarje fan Fryslân, foar in part út oerlevering/âlde dokuminten, en foar in part as eachtsjûge. Yn haadsaak beskreau er de foarfallen yn de omkriten fan Snits, fan Boalsert oant Frjentsjer en Harns. De skiednis fan Fryslân begûn yn 781, om't doe it kerstenjen hast folslein wie. Syn lêste bydragen wiene fan 1527. In oare broer fan Thabor, Worp fan Thabor skreau ek in wiidweidich kronyk, dy't oant 1538 rûn.

De likebroer skreau net altyd like konsekwint, earder fonetysk, yn de "âlde Dútske letter op lyts kwarto formaat".

Petrus Thaborita begjint mei it kerstenjen fan de Friezen:

In't Jaer ons Heren seuen hondert ende lxxxi doe ontfanc Vrieslant eerst dat Karsten ghelove, al eer een deel ende nae een deel.

De Slach by Warns:

In't iaer ons Heren M. CCC. xlv Grave Willem, die xix Grave van Hollant, als hij quam van Prusen, soe vergaderde hy volc, ende toech in Westvrieslant, ende, daer die eerste anlande quamen, besochten sie sinte Olofs kerckhoff; dear nae quam die Grave an die eg van Sinte Oloff, ende wisted niet wat die anderen ghedaen hadden. Ende die Vriesen quamen, ende sloghen den Grave doet mit viii bearn roetzen, ende mit achttien ridderen, ende vyf hondert man, behalven die daar drencten.

It gedragen fan Albrecht III fan Saksen yn de 17-jierrige besetting:

Item als die Friesen dus iammerliken van Fraenker veriaecht ende geslaghen waren, soe veruolchden des Hartoghen knechten die Vriesen, ende sloghense doet in die kercken, beyde in Oestergoe ende in Westergoe, ende namen die kelcken ende cyborien, mitte heilighe sacramenten; ende die heilighe sacramenten worpen sie mit onweerdicheit opder eerden, alsoe dat sommighe heylige sacramenten worden weder gheuonden, sommighe oec niet. Ende die heylige olye traden sie mit voeten, ende smeerden hoer schoenen daer mede. Ende die gheslaghen Friesen foer Fraenker bleuen legghen onbegrauen acht daghen of meer; want niemant dorste syn doeden toe huys van anxte vanden knechten halen ende begraven. Int iaer ons Heren xv hondert, doe lieten des Hartoghen onder heren twie Friesen fanghen ende toe Fraenker brenghen, ende aldaer iammerlic ende onghehoerlic doden, als palen doert lyf iaghen ende druwen mit peerden, beneden int lyf ende bouen by den halſe weder wt, ende rechten sie op byden weghe tusschen Fraenker ende Harlinghen. Die ene man hiet Ewert Dragher van Sneeck ende Minna Bongher hiet die ander. Ende op een ander tyt doe paelden sy noch twie of drie mannen.

Oer de dea fan Grutte Pier:

In dat ſelue iaer van 20 soe is ghestoruen groet Pyer, op Sinte Lucas nacht. Van deese Pier was grote spraeck in Hollant, in Brabant ende in ander landen, van sin grote stercheit ende gruwelicheit, ende van sin grote oghen; ende sy maectent groter dant was; mer noch tans wasset een groet, swaert, man mit grote oghen, grote schouwer ende een groten baert, ende gruweliken van aensyen, sonderlingh als hy toernich was; ende hy was grof ende plompt van spraeck ende wesen; want hy en conste nyet bequam spreken voert recht ofte voer heeren; mer mit sin groue Fryesche slaghen quaem hy mede vort, ende dat ghyngh hem alsoe plomp of, dat alle menschen, die daer by stonden, worden beweghen tot lachgen; ende hy was froem ende fel op die vianden, mer hy was redelyk van herten als een Kersten man.

Hans Willem Cornelis Anne Visser en Hendrik Amersfoordt hienen yn 1824 de beskikking oer de hânskreaune dokuminten fan Petrus, ta beskikking steld troch Mr Anton Reinhard Falck. Der is in soad muoite dien om ûnbekende wurden te ferklearjen, en somtiden woe dat net altyd slagje. It hiel waard publisearre yn it "Archief voor Vaderlandse en ingezonderheid Vriesche geschiedenis, oudheid- en taalkunde". It earste diel 1 yn 1824 en it twadde diel yn 1827. De útjefte befettet ek it gedicht Grinzer Passy fan hear Meyndert fan Frjentsjer út 1496. It manuskript fan Petrus is yn de kolleksje fan Tresoar.

  • Hans W.C.A. Visser en Hendrik Amersfoordt (ed.), Historie van Vriesland door Peter Jacobsz. van Thabor of Petrus Thaborita, yn: Archief voor vaderlandsche, en inzonderheid Vriesche geschiedenis, oudheid- en taalkunde, 3 dielen, Ljouwert 1824-1828
  • Historie van Vriesland, beskreaun troch Peter Jacobi fan Thabor, mei ynlieding fan Regnerus Steensma, Ljouwert 1973 (sûnder de Aanteekeningen)
  • Regnerus Steensma, Het Klooster Thabor bij Sneek en zijn nagelaten geschriften. In ynlieding en ynvintarisaaasje, diss. Grins, Ljouwert: De Tille 1970

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Diel 1 (1824) is digitaal te besjen fia Google: Bayerische Staatsbibliothek of Harvard University.
  2. Diel 2 (1827) is digitaal te besjen fia Google: Bayerische Staatsbibliothek of Harvard University.
  3. Diel 3 (1828) is digitaal te besjen fia Google: Bayerische Staatsbibliothek of Harvard University.