Petrus- en Paulustsjerke (Pskov)

De Petrus en Paulustsjerke (s Bûja) (Russysk: церковь Петра и Павла с Буя) is in 16e iuwske otterdokske tsjerke yn de Russyske stêd Pskov. De tsjerke is in beskerme monumint en stiet oan de Karl Marx-strjitte (earder de Novgorod-strjitte) fan de âlde stêd oan de rjochter kant fan de rivier. De tsjerke falt ûnder it otterdokske bisdom Pskov.

Petrus- en Paulustsjerke

Псково-Печерский монастырь

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
plak Pskov
adres Ulitsa Karla Marksa, 2
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1540

Skiednis Bewurkje

 
Ikonostaze

De oan de apostels Petrus en Paulus wijde tsjerke waard foar it earst dokumintearre yn 1373. Dy tsjerke waard yn 1540 ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke. Oarspronklike wie it rjochthoekige gebou 24,6 meter by 14,7 meter grut, mar nei in útwreiding is de tsjerke 32 meter by 14,7 meter.

Yn de Noardlike Kriich tsjin Sweden wenne Peter de Grutte, dy't troch Pskov reizge yn ferbân mei de tarieding fan militêre operaasjes, yn de tsjerke in fiering fan de godlike liturgy by. Der wurdt ornearre dat er mei yn it koar song en út it bibelboek Hannelingen fan de Apostels foarlies.

De dûbele klokketoer stoartte yn 1810 yn. De tsjerke waard oan de súdlike kant mei in apsis en oan de westlike kant mei tagongsgallerij útwreide.

De tsjerke waard yn 1932 op lêst fan de ateïstyske autoriteiten foar de earetsjinst sletten. Op 30 augustus 1960 waard de tsjerke in nasjonaal monumint. De tsjerke waard restaurearre en yn 2005-2006 werom jûn oan de earetsjinst.

De nije ikonostaze datearret fan 2008. Op 2 desimber 2009 waarden sân klokken yn de toer hongen, getten yn Voronezj en wijd op 28 desimber fan dat jier.

Boarnen, noaten en referinsjes Bewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: