Petrus- en Paulustsjerke (Smolensk)
De Petrus- en Paulustsjerke (Russysk: Церковь Петра и Павла, Tserkov Petra i Pavla) is in otterdokse tsjerke yn Smolensk, Ruslân. It is ien fan 'e trije monuminten út de tolfte iuw dy't Smolensk ryk is.
Petrus- en Paulustsjerke
Петропавловская церковь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Smolensk | |
plak | Smolensk | |
koördinaten | 54° 47' N 32° 02' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1146 | |
boustyl | byzantynske arsjitektuer | |
monumintale status | Kultureel monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 671520256590006 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn 1146 boud yn opdracht fan prins Rostislav Mstislavitsj en konsekrearre troch de earste biskop fan Smolensk.
Under de Poalske besetting fan 'e stêd fan 1611 oant 1654 wie de tsjerke in katolike tsjerke. Nei de befrijing fan Smolensk waard it op 'e nij in otterdokse tsjerke.
De tsjerke waard yn 'e 18e iuw hielendal ferboud en njonken de westlike kant waard de Barbaratsjerke oanboud.
Yn 1812 plonderen Frânske troepen de tsjerkeby de ynvaazje fan Napoleon yn Ruslân. Mei help fan 'e oerheid koe de tsjerke wer reparearre wurde. Doe't yn 1943 fochten waard om de befrijing fan Smolensk fan 'e Dútsers waard de tsjerke wer fernield.
Nei de Oktoberrevolúsje waard de tsjerke yn 1935 sletten foar de earetsjint en oerdroegen oan it museum. De Barbaratsjerke bleau ynearsten noch iepen foar tsjerketsjinsten, mar dêrnei moast ek dy de doarren fan 'e kommunistyske oerheid slute.
Under lieding fan 'e arsjitekt Pjotr D. Baranovsky waard de tsjerke yn 'e jierren 1962-1963 yn syn oarspronklike foarm werom brocht en skieden fan de westlike Barbaratsjerke. Nei de renovaasje die by archeologysk ûndersyk bliken dat eardere de tsjerke mei galerijen omfieme wy.
Op 26 maaie 1991 krige de Petrus- en Paulustsjerke de tsjerklike funksje werom.
Sjoch ek
bewurkje seksjeDe oare twa 12e-iuwske monuminten fan Smolensk binne:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Петра и Павла на Городянке
|