Petrus- en Paulustsjerke yn Kozjevniki (Veliki Novgorod)

De Petrus- en Paulustsjerke (Russysk: Петропавловская церковь; Petropavlovskaja tserkov) is in Russysk-otterdoks tsjerkegebou yn Veliki Novgorod, Ruslân. De krúskoepeltsjerke waard boud yn 1406.

Petrus- en Paulustsjerke

Петропавловская церковь

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Novgorod
plak Veliki Novgorod
koördinaten 58° 31' N 31° 16' E
Arsjitektuer
boujier 1406
monumintale status Federaal monumint/wrâlderfgoed
monumintnûmer 531510245670006
Webside
novgorodmuseum.ru
Kaart
Petrus- en Paulustsjerke yn Kozjevniki (Jeropeesk Ruslân)
Petrus- en Paulustsjerke yn Kozjevniki

Skiednis en beskriuwing

bewurkje seksje

Under de tsjerken fan Veliki Novgorod is de Petrus- en Paulustsjerke fan ienfâldige en beskieden omfang. Nettsjinsteande dat binne de fan kalkstiennen blokken boude gevels, de apsissen en de unike tamboer dekorearre mei bakstiennen mitselwurk fan krusen, bôgen, friezen en roazetten. De tsjerke stiet yn it sintrum fan 'e stêd sûd fan it Zverin-Pokrovski-kleaster fan 'e Foarbea.

De namme fan 'e Petrus- en Paulustsjerke wurdt assosjearre mei Kozjevniki, de wyk fan 'e learloaiers, om't harren gild de bou fan 'e tsjerke bekostige (Russysk: ремесленники-кожевники; remeslenniki-kozjevniki). De tsjerke út 1406 kaam yn it plak fan in houten tsjerke út 1227, dy't yn 1384 ôfbaarnde. Hjoed-de-dei is de Petrus -en Paulustsjerke in museum. De ikoanen fan 'e tsjerke wurde útstald yn it Histoarysk Museum yn it kremlyn fan Veliki Novgorod.

De klokketoer fan 'e tsjerke waard yn 'e jierren 1930 ôfbrutsen. Yn 'e Twadde Wrâldkriich rekke de tsjerke slim skansearre, mar yn 1959 op 'e nij boud.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Église Pierre et Paul des Kojevnikis