Philip Bliss (folút: Philip Paul Bliss; Clearfield County (Pennsylvania), 9 july 1838Ashtabula (Ohio), 29 desimber 1876) wie in Amerikaansk skriuwer fan hymnen, komponist, dirigint en bas-bariton-gospelsjonger. Under de bekendste gesangen dy't er skreau, binne Let the Lower Lights Be Burning, Hallelujah, What a Saviour!, Hold the Fort en I Will Sing of My Redeemer. De lêste pear jier fan syn libben wurke Bliss as evangelist. Hy kaam om doe't er 38 jier wie by de Treinramp fan Ashtabula fan 1876.

Philip Bliss
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Philip Paul Bliss
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 9 july 1838
berteplak Clearfield County (Pennsylvania)
stoarn 29 desimber 1876
stjerplak Ashtabula (Ohio)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre hymnen
perioade midden 19e iuw
bekendste
  wurk(en)
Let the Lower Lights Be Burning
Hallelujah, What a Saviour!
Hold the Fort
I Will Sing of My Redeemer
jierren aktyf 18691876
offisjele webside
www.ppbmuseum.org

Philip Bliss waard yn 1838 berne yn Clearfield County, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania (of mooglik yn Rome, Pennsylvania). Yn syn jonkheid ferhuze Bliss mei syn âlden ferskate kearen, earst yn 1844 nei de steat Ohio, doe yn 1847 wer werom nei Pennsylvania, en dêrnei noch ferskate kearen binnen dy steat. Hy genoat mei dêrtroch net folle formeel ûnderwiis, mar krige ynstee fan syn mem les út 'e Bibel. Doe't er alve jier wie, gied er út 'e hûs en ûnderhold er himsels troch te wurkjen yn houtsjerskampen en houtseagerijen, wylst er ûnderwilens út en troch wat bylearde, sadat er yn 1855, op syn santjinde, syn diploma as ûnderwizer helle.

Fan 1956 ôf wurke Bliss in pear jier as skoalmaster yn Hartsville, yn 'e steat New York. Nei in moeting mei de musikus en hymneskriuwer William B. Bradbury besleat er lykwols om muzyklearaar te wurden. Yn 1858 krige er in oanstelling as ûnderwizer te Rome, yn Pennsylvania. Dêr mette er Lucy J. Young, mar wa't er op 1 juny 1859 troude. Hja wie presbyteriaansk, en Bliss, dy't fan hûs út metodist wie, gie oer nei har tsjerke. Yn 'e jierren dêrop ûntjoech Bliss him ta in omreizgjend muzyklearaar. Hy liende $30,— fan 'e beppe fan syn frou, sadat er seis wike lang studearje koe oan 'e Normal Academy of Music of New York. Dêrnei waard er yn syn eigen mienskip as in ekspêr op it mêd fan muzyk beskôge.

 
Philip Bliss.

Yn 1864 ferfear Bliss mei de frou nei Chicago, yn 'e steat Illinois, dêr't er namme makke as gospelsjonger, muzyklearaar, hymneskriuwer en komponist. Op in konserttoernee fertsjinne er dat jiers ta syn eigen ferbjustering $100,— yn twa wiken. De wyks dêrop waard er oproppen foar tsjinst yn it Noardlike leger, mar mei't de Amerikaanske Boargeroarloch op syn ein rûn, waard er nei in pear wike alwer nei hûs ta stjoerd. Nei in twadde toernee, wêrby't it him minder foar de wyn gie, krige er in baan oanbean by Root en Cady Musical Publishers, in útjouwerij fan blêdmuzyk, foar in salaris fan $150,— de moanne. Dêr wurke er fan 1865 oant 1873. De hymnen dy't er yn dy tiid skreau waarden foar in grut part útjûn troch syn wurkjouwer.

Yn 1869 rekke Bliss behelle yn it wurk fan 'e evangelist Dwight L. Moody. Nei't er in meiwurker fan Moody, majoar Daniel Webster Whittle fertellen heard hie oer dy syn ûnderfinings út 'e Boargeroarloch, skreau Bliss de hymne Hold the Fort. Moody en oaren út syn fermidden fiteren Bliss oan om syn baan deroan te jaan en fulltime-gospelsjonger en -evangelist te wurden. Yn 1874 besleat Bliss einlings dat dat yndie syn ropping wie. Hy naam ûntslach en lei him ta op evangelisaasjewurk. Foar it oeuvre oan hymnen dat er tsjin dy tiid skreaun hie, ûntfong er aardich wat royaltys, dy't er fierhinne bestege oan goeddiedichheid en evangelisaasje.

Op 29 desimber 1876 wiene Bliss en de frou mei in trein fan 'e Pacific Railroad ûnderweis, doe't se by Ashtabula, yn Ohio, in spoarbrêge oerstieken. Op it stuit dat harren trein midden op 'e brêge wie, stoarte dy yn, en de lokomotyf en alle wagons foelen yn it ravyn, in ûngemak dat bekend kaam te stean as de Treinramp fan Ashtabula. Bliss oerlibbe de ramp, mar doe't er seach dat der brân útbriek yn 'e wagons, gied er werom om syn frou te rêden. Dêrnei waard neat mear fan him fernommen. Fan de stoflike omskotten fan him en syn frou waard neat weromfûn. Fan 'e 159 treinpassazjiers kamen 92 om it libben. Philip Bliss wie 38 jier doe't er stoar. Syn soannen George en Philip Paul jr., dy't doedestiden fjouwer, resp. ien jier âld wiene (en dy't net mei har âldelju yn 'e trein sitten hiene), bleaune as weesbern efter. Letter waard yn Rome, yn Pennsylvania, in monumint foar Bliss oprjochte.

Bliss syn koffer oerlibbe wûnder boppe wûnder ûnskansearre sawol de ramp as it fjoer. Neitiid waard dêryn in manuskript ûntdutsen mei de tekst fan 'e hymne I Will Sing of My Redeemer, dy't ien fan Bliss syn bekendsten wurde soe, en de iennichste dêr't er sels gjin muzyk foar skreau. It waard troch de komponist James McGranahan op muzyk set, en wie ien fan 'e earste lieten dy't troch de útfiner Thomas Alva Edison opnommen waard op in grammofoanplaat.

  • The Charm (1871)
  • The Song Tree (1872; in samling salon- en konsertmuzyk)
  • The Sunshine (1873; foar sneinsskoallen)
  • The Joy (1873; foar koraalmuzyk)
  • Gospel Songs (1874; foar gospelgearkomsten en sneinsskoallen)
  • Gospel Hymns and Sacred Songs (1875; gearstald en redigearre, net skreaun)

Bliss yn it Frysk

bewurkje seksje

Wat Fryske oersettings fan it wurk fan Philip Bliss oanbelanget, hat Klaas Bruinsma yn 2002 in fertaling makke fan I Will Sing of My Redeemer, ûnder de titel Ik Sjong Bliid fan Myn Ferlosser, dy't er publisearre hat yn De Fleanende Krie, it blêd fan 'e Kristlik Fryske Folksbibleteek (2002, ôfl. 137/sept., s. 8).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.