Philippus Jacobus Hoedemaker
Philippus Jacobus Hoedemaker (Utert, 16 july 1839 - Santpoort, 26 july 1910) wie in Nederlânsk teolooch en predikant yn Amsterdam.
Biografy
bewurkje seksjeHy wie in soan fan Johannes Hoedemaker, boekferkeaper, en Evertje Beukers. Hy studearre teology oan it Theological Seminary yn New Brunswick om 1855 hinne en yn Utert 1863, dêr't er ek promovearre yn 1867.
Hy stie as herfoarme predikant yn Veenendaal 1868, Rotterdam 1873, Amsterdam 1876-1880 en wie (emeritus) heechlearaar oan de Frije Universiteit fan 1890-1909. Hy troude yn 1868 mei Jacoba Johanna Horst.
Hoedemaker stie in koart skoft as herfoarme predikant yn Nijlân (1888-90), mar hie in bliuwende ynfloed op de Fryske otterdokse herfoarmden, benammen yn de Súdwesthoeke. Hy wie tsjin Kuyper, tsjin de Doleânsje; syn biedwurd wie: Heel de kerk en heel het volk.
Op 11 oktober 1888 ferskynde syn blêd De Gereformeerde Kerk. Hoedemaker syn stribjen wie reörganisaasje fan de tsjerke en hat op de Fryske herfoarme tsjerke en de Kristlik-histoaryske polityk syn stimpel set.
Fierder lêze
bewurkje seksje- G. Abma en J. de Bruijn (red.), Hoedemaker herdacht (Baarn 1989)
- G. Abma, Hoedemaker, Philippus Jacobus, yn: Biografisch lexicon voor de geschiedenis van het Nederlands protestantisme, IV (Kampen 1998), s. 198-202
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Hoedemaker, Philippus Jacobus. |