Pier Pandertimpel
De Pier Pandertimpel is in lytse keunsttimpel yn de stêd Ljouwert. It gebou is in ryksmonumint.
Pier Pandertimpel | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
plak | Ljouwert | |
adres | Noarderplantaazje | |
bysûnderheden | ||
boujier | 1924 | |
arsjitekt | Jan van der Mey/N.P. de Koo | |
boustyl | Sintraalbou | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 516457 |
De bou fan de keunsttimpel waard neffens plannen fan byldhouwer Pier Pander (1864-1919) yn 1924 útfierd troch arsjitekt Jan van der Mey (1878-1949) en foarmjouwer Nicolaas Petrus de Koo (1881-1960). It gebou hat de foarm fan in rûne sintraalbou. Yn de archivolt fan de yngongspartij is in byldhouwurk fan Pander oanbrocht dat de Moarnsdage foarstelt. De koepel mei tolve rûnbôgefinsters hawwe glês-yn-leadruten fan J.H.E. Schilling (1893-1942). It gebou is dutsen mei reid.
De moarmeren bylden yn de timpel waarden troch de Italjaanske byldhouwer Ernesto Gazzeri (1866-1965) makke neffens foarbyld fan de gipsen modellen fan Pander. De fiif skulptueren (Uchtend, Gedachte, Gevoel, Moed en Kracht) ferbyldzje de krêften dy't nedich binne foar it meitsjen fan in keunstwurk. Se steane ûnder in arkade. It timpeltsje stiet yn de Noarderplantaazje en is ûnderdiel fan it Pier Pander Museum yn de Prinsetún.
Ynterieur
bewurkje seksje-
Bylden fan moarmer
-
Koepel mei glês-yn-leadruten
Literatuer
bewurkje seksje- Marcel Broersma, Pier Pander (1864-1919). Zoektocht naar zuiverheid, Ljouwert, 2007.
- Louis Couperus, 'Bij Pier Pander'. Yn: Van en over alles en iedereen, Rome, Diel I. Amsterdam, 1915, s. 26-33.
- Feico Hoekstra, Een tempel voor de ziel. Over Pier Pander en Louis Couperus, De Haach.
- Maarten Klein, Louis Couperus & Pier Pander. Teksten voor en over de beeldhouwer Pier Pander, Baarn, 1985.
- J.P. Wiersma, Pier Pander. Een Friese beeldhouwer in Rome (1864-1919), Drachten, 1966, s. 198-205.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pier Pandertimpel fan Wikimedia Commons. |