Pier Winsemius (latinisearring: Pirius Winsemius; Ljouwert, 1586 - Frjentsjer 2 novimber 1644) wie in Frysk abbekaat en skiedskriuwer. Syn famylje wie ôfkomstich út Winsum; dêrfandinne syn efternamme.

Pier Winsemius

Biografy bewurkje seksje

Nei syn stúdzje oan ferskate universiteiten, wêrûnder de Dútske promoasje yn Caen yn 1611 waard er abbekaat yn Ljouwert. Op 5 desimber 1616 folge hy Bernardus Gerbrandi Furmerius op as histoarjeskriuwer fan Fryslân. Hy fersoarge in útjefte Frisia fan Martinus Hamconius en in tredde diel fan Furmerius syn Annales. Yn syn haadwurken -der binne noch njoggen lytsere histoarjegeskriften- steane gegevens dy't nearne oars fermeld wurde. Winsemius waard heechlearaar oan de Universiteit fan Frjentsjer yn wolsprekkendheid en skiednis (1638)

Winsemius wie ek (gelegenheids)dichter. Der binne twa bondels mei syn ferzen bekend, dêr't leafst 127 elegyen ûnder binne. Yn Winsum is in strjitte nei him ferneamd, de Pier Winsemiusleane (yn it spraakgebrûk yn it doarp almeast ôfkoarte ta "P.W.-leane").

Bibliografy bewurkje seksje

 
Piërius Winsemius
Skildere troch Jan Maurits Quinkhard

In karút.

Polityk bewurkje seksje

  • De statu unitarum provinciarum oratio. Ljouwert, 1618.
  • Ius regum Hispaniae in Provincias Belgicas. Frjentsjer, 1621.
  • Verhael van het recht des conincks van Hispanien op de Nederlanden. Frjentsjer, 1621.

Histoarje bewurkje seksje

  • Chronique ofte historische geschiedenisse van Vrieslant, beginnende vanden jaere nae des werelds scheppinghe 3635, ende loopende tot den jare nae de gheboorte Christi 1622 (1622)
  • Historiarum ab excessu Caroli van Caesaris, sive rerum sub Philippo II, per Frisiam gestarum libri septem 2 boeken (1629)
  • Boeken III en IV (1633)
  • Te zamen in zeven boeken (1646)

Poëzijbondels bewurkje seksje

  • Amores. . Frjentsjer, 1631.
  • Sirius. Frjentsjer, 1638.

Literatuer bewurkje seksje

  • BHAPB, 1972., F. Postma & J. van Sluis, Auditorium Academiae Franekerensis. Ljouwert, 1995, 116-117, Ijsewijn-Sacré, Companion, I,269, II, 82, C.E.N..

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Winsemius, Pier.
  • Boeles I, 2e diel side 151-156
  • Nieuw Nederlands Biografisch Woordenboek X side 1224-1225