Jan Maurits Quinkhard
Jan Maurits Quinkhard (Rees (Dútslân), 28 jannewaris 1688 - Amsterdam, 11 novimber 1772), ek wol Quinckhard of Quinkhardt, wie in Nederlânsk keunstskilder, tekener en keunsthanneler fan Dútsk komôf.[1][2]
Jan Maurits Quinkhard | ||
keunstner | ||
Portret fan Quinkhard troch Reinier Vinkeles, 1764 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | 28 jannewaris 1688 | |
berteplak | Rees | |
stoarn | 11 novimber 1772 (84 jier) | |
stjerplak | Amsterdam | |
etnisiteit | Dútsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Keunstskilder, tekener en keunstkeapman | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Libben en wurk
bewurkje seksjeQuinkhard kaam út in laach fan Dútske portretskilders. Hy waard berne yn Rees by Kleef yn Noardryn-Westfalen as soan fan de skilder Julius Quinkhard. Hy waard ûnderrjochte foar de wittenskip, mar keas yn 1705 dochs noch foar de keunst, en wie oant sy 22e yn de lear by syn heit.[3]
Om 1710 ferfear er nei Amsterdam, dêr't er learling wie fan efterelkoar Arnold Boonen, Krzysztof Lubieniecki en Nicolaas Verkolje. Op 21 oktober 1723 waard er ynskreaun as boarger fan Amsterdam (Jan Mouritse Quinchart van Reis). Hy wie ien fan de oprjochters fan de Amsterdamske Stedstekenakademy. Oant syn dea yn 1772 arbeide er as keunstner en keunsthanneler yn Amsterdam. Hy hold ek in skoft yn Utert ta.
Tal fan skilders hawwe les fan him hân, lykas Jurriaen Andriessen, Jan de Beijer, Tibout Regters, Izaäk Schmidt, Adriaan Schregardus, Jan Gerard Waldorp en ek syn soan Julius Henricus Quinkhard (1736-1776), mar dy gie letter de hannel yn.
Hy was fral bekend as portretskilder, hoewol't er ek miniatueren, ynterieurs, histoarjestikken en regintestikken skildere. Fan 1730 oant 1760 wie er de bekendste portretskilder fan Amsterdam. Hy wie ek ien fan de earste portrettisten dy't lanlik bekend wie. Syn portretten foelen fral op troch de hângebearen dy't er de portrettearre persoanen joech. Hy makke portretten fan ûnder oaren in rige heechleararen fan Nederlânske universiteiten. Fan in oantal dêrfan waard in ets makke troch de graveurs Jacob Houbraken, Pieter Tanjé en Reinier Vinkeles.[4][5]
Werk fan Quinkhard is ûnder mear te finen yn de kolleksje fan it Ryksmuseum yn Amsterdam, it Amsterdam Museum, it Frans Hals Museum in Haarlim, it Museum Rotterdam, het Noardbrabânsk Museum yn De Bosk en it Stedelik Museum Alkmaar. It Sintraal Museum yn Utrert hat in tekening fan Quinkhard yn besit mei it ôfbyld fan syn soan Julius doe't dy 17 jier wie.
Galery
bewurkje seksje-
Walter Senserff, 1731-1750
-
Cornelis Schrijver, 1736
-
Tekenles, 1762
-
De overlieden fan it Amsterdamske sjirurgynsgilde, 1732
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jan Maurits Quinkhard fan Wikimedia Commons. |