Piet Miedema

Frysk ûndernimmer (1908-1945)

Piet Miedema (Earnewâld, 28 maaie 1908Roermond, 10 maaie 1945) wie eigener fan Hotel Princenhof.[1][2]

Albertus Miedema fan Weidum, Piet syn heit, kocht yn 1890 de bakkerssaak oan it Tsjerkepaed 3? oer fan in De Groot. Hy troude yn 1891 mei Martsje Palma út Dronryp en liet yn 1907 in nije bakkerij sette. Hy ferstoar yn 1924 en soan Piet, doe noch mar 15 jier âld, naam de saak oer.

Piet syn suster Tryntsje troude mei Meile Halma en de twa sweagers hiene doe de bakkerij. Piet Miedema troude yn 1933 mei Teatske Otter út Nij Beets en sy lieten it hûs sette oan it Bûtenwiid "Wettersicht". Hjir kaam it filiaal yn fan de bakkerij. Yn 1939 stichte Piet Miedema hotel Princenhof. In hiele gok dy't o sa goed útpakt is. Hy hat yn de Twadde Wrâldoarloch by de ûndergrûnse sitten en in soad dien om de ûnderdûkers yn De Alde Feanen te warskôgjen as der wer in razzia kaam.

Piet Miedema is op 10 maaie 1945 omkaam mei in motorûngelok yn Roermond.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Online Begraafplaatsen
  2. 2,0 2,1 PIET MIEDEMA †, Heerenveense Koerier, 16 maaie 1945