Piet van Hout (1938-2009)
Piet Thijs van Hout (Snits, 19 april 1938 – 't Harde, 2 oktober 2009[1]) wie in Nederlânske politikus fan de CHU en letter it CDA.
Hy is om 1963 hinne ôfstudearre yn de rjochten oan de Ryksuniversiteit Grins en wurke yn it begjin fan syn karriêre by mear as ien gemeente en de provinsje Oerisel. Van Hout waard yn 1972 boargemaster fan de Oeriselske gemeente Hasselt dêr't er troch Menno Knip opfolge waard. Dêrnjonken wied er fan 1977 oant 1978 waarnimmend boargemaster fan IJsselham as opfolger fan Johannes Tilkema. Yn 1983 folge syn beneaming ta boargemaster fan Elburch en yn april 2001 gie er dêr earder mei pinsjoen.
Van Hout ferstoar ein 2009 yn de âldens fan 71 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |