Pieter Bast
Pieter Bast (Antwerpen, om 1550 – Leien, 17 maart 1605) wie in Nederlânske graveur, kartograaf en tekener.
Libben en wurk
bewurkje seksjePieter Bast waard yn Antwerpen berne, mar oer syn jonkheid is net folle mear bekend as dat er in bern wie fan Josyntje Plantijn út de ferneamde printersfamylje Plantijn. Op 31 augustus 1601 troude Pieter Bast yn Leien mei Aryaentje Geryt Schaecken. It jier dêrnei kocht er in hûs yn de Lokhorststrjitte njonken de Latynske skoalle. Pieter Bast gravearre kaarten en stedsgesichten fan Nederlânske stêden.
Foar safier bekend is hat er allinnich binnen de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen wenne en wurke, hoewol 't er ek in kaart fan Emden makke hat. Hy wurke ek as lânmjitter en dêrtroch wie er goed op 'e hichte fan ferhâldingen en ôfstannen.
It bekendste wurk fan Pieter Bast is de plattegrûn fan Amsterdam dy't er tekene en gravearre yn 1599. Dy beslacht yn totaal fjouwer blêden en is titele Amstelodamum, urbs Hollandiae primaria, emporium totius Europae celeberrimum. Sûnt 1544 wie der gjin sekuere stedsplattegrûn fan Amsterdam ferskynd, fandêr dat de plattegrûn fan Bast histoaryske betsjutting hat. De plattegrûn ferskynde op 1 oktober 1599 en waard útjûn troch boekhanneler-útjouwer Harmen Allartz of Alardi. De kaart waard ûndertekene mei Petr. Bast avimber (i.e. auctor) et sculp(sit) et excudebat, 1599, wat derop wiist dat Pieter Bast sels ek útjouwer wie.
Pieter Bast makke fierders noch gravueres fan Middelburg, Dordrecht, Ljouwert, Frjentsjer, Emden, Leiden, Utrecht. Hy makke ek gravueres fan histoaryske foarfallen sa as it belis en de ynname fan Nimwegen troch Prins Maurits op 14 oktober 1591, de Slach by Nieuwpoort. Hy arbeide op mei ûnder oaren Floris Balthasars en Johannes Sems.
Hy waard yn Leiden yn de Pieterstsjerke beïerdige.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pieter Bast fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|