Pieter Boeles (1795-1875)
Pijtter (Pieter) Boeles (Ferwert, 4 maart 1795 - Grins, 26 april 1875) wie in Nederlânse predikant en taalkundige.[1]
- Dizze side giet oer de predikant en taalkundige. Foar de skiedkundige en jurist, sjoch: Pieter Boeles.
Libben en wurk
bewurkje seksjePieter Boeles, soan fan Fryske lânbouwer Jetzo Boeles en Trijntje Pieters, studearre teology oan de universiteit fan Grins. Hy foltôge syn stúdzje yn 1817 mei in dissertaasje dy't útjûn waard troch útjouwerij J. Oomkens te Grins. Ek yn 1817 troude er yn Eelde mei Alberdina Janna Speckman. Efterinoar wie er predikant yn Penjum, Noardlaren en Noarddyk. It grutste part fan syn wurkpaad, fan 1827 oant 1870, wie er predikant by de herfoarme Stephanustsjerke fan Noarddyk. Dêrneist wie er lid fan it provinsjaal tsjerkebestjoer, praeses fan it klassikaal bestjoer fan Grins en lid fan it kolleezje fan tafersjoch op de tsjerklike administraasje fan de herfoarmen yn Grinslân. Yn 1853 wie er foarsitter fan de lanlike synode fan de herfoarme tsjerke.[2]
Boeles publisearre yn de tiid dat er predikant wie oer ferskate saken, op it mêd fan godstsjinst, godstsjinstûnderwiis, tsjerkerjocht en skiednis. Teffens wie er de auteur fan it earste wurdboek fan it Grinslânsk, it Idioticon Groninganum: vergelijkend woordenboek van den Groningschen tongval dat lykwols net útjûn waard. It manuskript waard earst yn de jierren njoggentich fan de 20e iuw weromfûn troch de heechlearaar Grinslânske taal en kultuer Siemon Reker, dy't it yn 1997 printsje liet.[3][4]
Yn 1850 krige Boeles in earedoktoraat fan de Ryksuniversiteit Grins[5][6] en doe't er fyftich jier predikant wie op 24 novimber 1867 waard er riddere yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.[7]
Pieter Boeles stoar yn 1875 yn Grins yn de âldens fan tachtich jier. Syn soan Willem Boele Sophius Boeles (1832-1902) wie presidint fan it gerjochtshof yn Ljouwert[8].
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|