Siemon Reker
Siemon Jan Hendrik (Siemon) Reker (Uthuzen, desimber 1950) is in Nederlânske emiritus-heechlearaar Grinslânsk en Grinslânske kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins.
Libben en wurk
bewurkje seksjeReker waard berne as soan fan de gasfitter Frederik Reker en winkelfrou Eltina Cornelia Bouwman. Hy studearre yn it earstoan teology, mar gie oer op de stúdzje Nederlânske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit Grins.[1] Hy promovearre dêre yn 1989. Nei de stúdzje wurke er ûnder oaren by de RONO en letter foar Radio Noard. Ek publisearre er geregeldwei yn de noardlike deiblêden oer it Grinslânsk. Op 1 febrewaris 1984 waard er beneamd as de earste streektaalfunksjonaris fan Nederlân.[2] Yn 2001 waard er ta bysûnder heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins beneamd. Syn learstoel wurdt betelle troch de universiteit en it J.B. Scholtenfûns.[3] Reker skreau ûnder oaren De mooiste woorden van Groningen (2005) en it Zakwoordenboek Gronings-Nederlands, Nederlands-Gronings (5e pr. yn 1998).
Reker gie yn 2016 mei emeritaat. By gelegenheid dêrfan waard syn wurk Biografie van het Gronings útjûn.
Bibliografy (karút resint wurk)
bewurkje seksje- Taal en teken: van Albert Negenoog tot welcome 2 Grunn, útj. Bureau Groninger Taal en Cultuur RUG, Grins 2010
- Ter Loan en aal zien aander bouken, uitg. Universiteitsbibliotheek RUG, 2e pr., Grins, 2010 (ynlieding Reker)
- Het balletje in het schuurtje, Huus van de Taol, Beilen, 2010
- Werk in uitvoering: woorden in Oldambtster boedelinventarissen vóór 1726, Bureau Groninger Taal en Cultuur RUG, Grins, 2009
- Goud volk, útj. In Boekvorm, Assen, 2008
- Emoties in t Oldambt, In Boekvorm, Assen, 2008
- Kennismaking met het Gronings, In Boekvorm, Assen, 2e druk 2007
- De mooiste woorden van Groningen, útj. Noordboek (yn 'e mande mei Dagblad van het Noorden), Grins, 2005
Foar de oare publikaasjes fan Siemon Reker sjoch Universiteitsbibleteek fan de Ryksuniversiteit Grins en Keninklike Bibleteek[4].
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|