Pieter Both (Amersfoart, 1568Mauritsius , 6 novimber 1614) wie de earste gûverneur-generaal fan Nederlânsk-Ynje.

Portret fan Pieter Both.

Op 21 desimber 1599 gie Both as admiraal mei fjouwer skippen fan de Nije as Brabânske Kompanjy nei Ynje. De Nije Brabânske float bestie út de skippen Nederland, Verenigde Landen, Nassau en Hof van Holland. Op 26 april 1600 rekken de Hof van Holland en de Nassau efter op de oare skippen, dy’t úteinlik op 6 augustus yn Bantam oankamen. Yn 1601 gie Both mei de twa oare folpakte skippen werom nei Nederlân. De Verenigde Landen en Hof van Holland kamen úteinlik ûnder de lieding fan Paulus van Caerden yn novimber 1601 ek werom.

Koart dêrnei, yn 1602, waard de Feriene Eastyndyske Kompanjy stifte. Dizze stifte yn Nederlânsk-Ynje it Yndyske Regear, dat bestie ut in Gûverneur-Generaal en in Rie fan Ynje. It Yndysk Regear moast de boel better organisearje yn it gebiet. Yn 1609 krige Both it fersyk om de earste Gûverneur-Generaal fan Ynje te wurden. Both twivele oan syn geskiktens, mar dochs gie hy yn 1610 mei acht skippen dy kant út, hy kaam nei goed tsien moanne reizgje op 19 desimber 1610 oan yn Bantam op Java.

Both krige de opdracht om in gaadlik plak te sykjen dat brûkt wurde koe as moetingsplak foar de skippen en as sintrum foar it bestjoer fan Nederlânsk-Ynje. Hy moast de korrupsje tsjin gean en forten bouwe om it monopoalje yn de Molukken te behâlden. Dochs waard as bestjoerlik sintrum keazen foar West-Java, omdat de Molukken net genôch iten (rys) produsearje koe foar de eigen befolking en de lju fan de FEK. Boppedat lei Java strategysk better. Both kaam mei syn regear yn Batavia, it hjoeddeiske Jakarta, te sitten. Hy sluet kontrakten ôf mei de wichtichste foarsten fan de Molukken, ferovere Timor op de Portegezen en hy jage de Spanjerts fan Tidore.

Both stoppe op 6 novimber 1614 as Gûverneur-Generaal, Gerard Reynst waard syn opfolger. Op 2 jannewaris 1615 gie hy oan board fan it skip Banda, dat farde yn in fleat fan fjouwer skippen, dy’t in fracht fan 4,5 miljoen hie. Mar Both berikte Nederlân net. Op 6 maart 1615 sonken twa skippen, wêrûnder it skip dêr’t Both op siet. Se leinen foar anker foar de kust fan Mauritsius wylst der in swiere stoarm wie, Both ferdronk by it ûngemak.

De op ien nei heechste top fan Mauritsius is nei him ferneamd, de Pieter Bothsberch.

Sjoch ek bewurkje seksje

Literatuer bewurkje seksje

  • P.J.A.N. Rietbergen, De eerste landvoogd Pieter Both (1568-1615). Gouverneur-generaal van Nederlands Indië (1609-1614). 2 dielen. Swol, 1987 (Werken van de Linschoten-Vereeniging dielen 86, 87)