Pieter Johan Faber
Pieter Johan Faber (Haarlem, 20 febrewaris 1920 — Grins, 10 july 1948) wie in Nederlânsk SD'er en oarlochsmisdiediger.
Biografy
bewurkje seksjeHy we in soan fan Pieter Faber en Carolina Josephine Henriëtte Bakker, en de broer fan Klaas Carel Faber, ek in oarlochsmisdiediger. Sels wie er yn de Twadde Wrâldoarloch opperwachtmaster by de SD yn it Scholtenhûs yn Grins.
De húshâlding Faber wie lid fan de NSB. Heit wie bakker yn Heemstede en waard op 20 juny 1944 deasketten troch de fersetsstriidster Hannie Schaft; hy wie doe 55 jier.
De bruorren Faber wiene fûleinge bestriders fan it Nederlânsk ferset en fermoarden Nederlanners dy't tsjin it nazy-bewâld wiene, sels al wie NSB-partijlieder Mussert der op tsjin. Beiden waarden wreed ferneamd troch harren meidwaan oan de saneamde Aktion Silbertanne. Dy rige moarden waarden troch in Sonderkommando útfierd op ûnskuldige (bekende) Nederlanners. De aksjes wiene represaillemaatregel foar oanslaggen op fral Nederlânske kollaborateurs. Doe't SS-Brigadeführer Karl Eberhard Schöngarth fan dy gewelddieden fernaam, ferbea er dy yn septimber 1944. Ek siet Faber mei syn broer yn it eksekúsjepeloton fan Kamp Westerbork. De bruorren wiene fierders belutsen by de eksekúsjes fan tsientallen arrestanten yn de bosken fan Exloo, Westerbork en Norg.
Pieter Johan Faber waard letter skuldich achte oan 27 moarden.[1]
Nei de oarloch waarden de bruorren feroardield ta de deastraf. Pieter Johan Faber waard op 10 july 1948 yn Grins fusilearre.[2] De deastraf fan Klaas Carel Faber waard omset yn libbenslange finzenisstraf.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|