Pieter Kooistra
Pieter Kooistra (Ljouwert, 24 juny 1922 - Tiel, 5 maaie 1998) wie in Nederlânske skilder, grafikus, fotograaf, byldhouwer en skriuwer.
Libben en wurk
bewurkje seksjeKooistra wie autodidakt. Hy wurke benammen ekspresjonistysk-fauvistysk, yn Ljouwert, Bergen, Skylge, Amsterdam en sûnt 1974 yn Varik. Syn foarnaamste ûnderwerpen wiene lânskippen, neakenfiguren en non-figuratyf wurk. Yn Nederlân is hy bekend wurden as de geastlik heit fan de keunstútlien/artoteek. Hy fûn dat in keunstwurk in middel is om bewustwurding fan ienheid yn ferskaat, lykas it libben sels, en woe dit ideaal tichter by de gewoane minsken bringe.
Pieter Kooistra wie tige sosjaal belutsen. Hy wie oprjochter fan de stichting "Uno-inkomen", grif de alderearste organisaasje dy't pleite foar in wrâldwiid basisynkommen.
Kooistra organisearre byldenrûtes fan syn wurken yn stêden as Amsterdam, Alphen oan de Ryn, Ridderkerk en Tiel. Yn 1978 ûnthulde de gemeente Tiel syn bylderûte, de Collectie Straatbeeld. Hy hie opdracht krigen om by de skouboarch Agnietenhof in keunstwurk del te setten. Kooistra berekkene lykwols dat hy mei in leaseplan foar bedriuwen wol tolwe bylden meitsje koe. Hy makke tolwe monumintale geometrysk-abstrakte bylden fan messing en aluminium. Al gau waard dúdlik dat it realisearjen fan tolwe bylden foar de priis fan ien technysk skealik útpakte: ien byld waard fan syn sokkel riden, in oarenien foel om by in stoarm. Yn 1980 wiene der noch mar fjouwer bylden yntakt. Yn 2006 is ien fan de fjouwer oerbleaune bylden restaurearre en opnij delsetten by de Waalkaai. Mei in oar byld by de Sint Maartenstsjerke jout it in diel fan de histoarje wer fan in bysûnder projekt fan in markante keunstner.[1]
Pieter Kooistra hat in soad kjeunst neiliten oan de stichting Uno-inkomen, om te ruiljen tsjin needsaaklike oankeapen. In grut oantal skilderijen is te sjen yn it Fearhûs yn Varik (sjoch in presintaasje fan skilderijen [2] en beweegjend grafyk [3] op de website fan stichting Uno-inkomen).
Byldhouwurken (karút)
bewurkje seksje- Ynderlijke lykwichtsoefening (1978), plantsoen Sint Maartenstsjerke yn Tiel
- Ynderlike lykwichtsoefening (1978), Waalkaaai yn Tiel
- Sûnder titel (jiertal ûnbekend, grif ± 1978), by it Fearhûs yn Varik
- Balâns (1984), Amsterdamskewei yn Emmeloard
-
Ynderlike lykwichtsoefening by de Sint Maartenskerk, Tiel
-
Ynderlike lykwichtsoefening op de Waalkaai, Tiel
-
Sûnder titel, op de Waalbandyk by it Fearhûs yn Varik
-
Balans, Amsterdamskewei yn Emmeloard
Publikaasjes
bewurkje seksje- Pieter Kooistra, Het Ideale Eigenbelang - Een UNO-Marshallplan voor alle mensen, Utjouwerij Kok Agora, Kampen, 1993, ISBN 90-391-0574-X 201
- Pieter Kooistra, Getroffen in woord en in beeld (tekeningen en tekst oer de wettersneedramp fan 1953), CBK Zeeland, 2003, ISBN 90-6354-108-2
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pieter Kooistra fan Wikimedia Commons. |