Pieter Visscher wie in grytman fan Doanjewerstâl en Lemsterlân.

Yn 1527 of 1528 waard Pieter Visscher oansteld as grytman fan Lemsterlân as opfolger fan Nolle Heres. Omdat hy ek tagelyk grytman fan Doanjewerstâl wie, waard dêr op de lândei oer klage. By de frede yn 1524, doe't Karel V troch de Friezen as lânshear erkend waard, soe fêstlein wêze dat it ferbean wie om mear as ien amt tagelyk te hawwen. Mar de kleiers krigen as beskie dat Doanjewerstâl en Lemsterlân fan it bejin ôf oan as ien gritenij beskôge waarden, omdat Lemsterlân sa lyts wie dat nimmen dy gritenij allinnich hawwe woe. Yn 1539 waard Visscher opfolge troch Kerste Piers út Skoatterlân. Doe't dêr klachten oer kamen waard hy ferplichte om 'hûs, fjoer en ljocht' binnen de gritenij te hâlden. Boppedat moast er oantoane dat hy teminsten 18 oant 20 goudgûnen oan ynkommen hie. Doe't Kerste yn 1563 fan manslach beskuldige en ferfolge waard flechte hy nei it bûtenlân. [1]

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: