Piperstrjitte (Ljouwert)
strjitte yn Ljouwert
De Piperstrjitte (Nederlânsk en offisjeel: Peperstraat) is in koarte strjitte yn it sintrum fan 'e Fryske haadstêd Ljouwert. Dizze strjitte giet rûchwei yn east-westrjochting. Hy rint fan 'e krusing oan 'e westkant, dêr't de Wurdumerdyk út it suden en de Sint-Jabikstrjitte út it noarden komt, oant de krúsing oan 'e eastkant, dêr't de Weaze út it suden komt en de Grientemerk út it noarden. De Piperstrjitte leit yn it ferlingde fan 'e Nijstêd, oan 'e westkant, en de Alde Easterstrjitte, oer de grêft oan 'e eastkant. De Piperstrjitte is mei Nijstêd, Wurdumerdyk, Foarstreek en Ruterskertier ien fan 'e wichtichste winkelstrjitten fan Ljouwert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|