Ruterskertier
It Ruterskertier (Nederlânsk en offisjeel: Ruiterskwartier) is in strjitte yn it sintrum fan 'e Fryske haadstêd Ljouwert. Dizze strjitte rint rûchwei yn east-westrjochting en wie foarhinne ien fan 'e wichtichste ferkearsieren troch de Ljouwerter binnenstêd.
Trajekt
bewurkje seksjeOan 'e westkant begjint it Ruterskertier by de Skavernekbrêge, dêr't it de namme fan 'e trochgeande wei wurdt dy't oare kant brêge Westerplantaazje hjit. Yn eastlike rjochting rint de strjitte dêrwei by de stedsskouboarch De Harmony lâns, dy't oan 'e súdkant stiet. Oan dyselde side fan it Ruterskertier folgje dêrnei it Harmonyplein, de nijbou fan 'e Pathé-bioskoop, en it Paleis fan Justysje. Oan 'e noardkant fan it Ruterskertier stie yn datselde trajekt foarhinne foar it meastepart âldere bebouwing, dy't yn 2015 foar in part ferfongen is troch it nije poppoadium Neushoorn. De gebouwen oan 'e noardkant fan it Ruterskertier wurde dêrsanne faninoar skaat troch it Grut Skavernek, de Molestrjitte, de Haniasteech en de Ipe Brouwersteech, dy't allegear útkomme op 'e Nijstêd.
Foarby it Paleis fan Justysje krúst it Ruterkertier de Prins Hindrikstrjitte, dy't dêr út it suden komt en oanslút op 'e Doelesteech út it noarden. Dat lêste strjitsje is in wichtich ûnderdiel fan it Ljouwerter nachtlibben, mei't dêr ferskate promininte kroegen fêstige binne. Oare kant dy krusing rint it Ruterskertier fierder nei it easten by de noardlike râne fan it Saailân lâns, dat offisjeel it Wilhelminaplein hjit. Lange tiid wie der iepen tagong fan it Ruterskertier nei it plein, mar mei de komst fan it Frysk Museum op it Saailân, yn 2012, is de noardlike râne folset mei nijbou mei nep-histoaryske geveltsjes dêr't winkels en bewenning yn kaam.
Oan 'e oare (noardlike) kant fan it Ruterskertier rint de strjitte yn datselde ein oan 'e efterkant fan winkels lâns dy't har haadyngong op 'e Nijstêd hawwe, lykas C&A en foarhinne V&D. Der binne lykwols ek saken dy't gjin yngong op 'e Nijstêd, mar inkeld op it Ruterskertier hawwe, wêrûnder inkele kleanwinkels, in kafee en foarhinne Boekhannel De Tille. Fierders komt dêr ek de Alde Lombardsteech, dy't trochrint nei de Nijstêd, op it Ruterskertier út. Oan 'e eastkant fan it Saailân hat it Ruterskertier oan 'e súdkant de nijbou fan it Frysk Museum en it âlde Winkelsintrum Saailân, dat earder in oerdutsen brêge oer it Ruterskertier hinne hie nei de twadde ferdjipping fan V&D. Foarhinne stie dêr ek de Merkueriusfontein, mar dy moast yn 2012 wike foar it museum en stiet no in foege hûndert meter súdliker, foar it âlde beurs- en waachgebou oer. Hielendal oan 'e ein fan it Saailân komt it Ruterskertier ter hichte fan it Amicitiagebou út op 'e Wurdumerdyk.
Ferkear
bewurkje seksjeFoarhinne wie de rûte Ruterskertier-Prins Hindrikstrjitte ien fan 'e wichtichste ferkearsieren troch de Ljouwerter binnenstêd, ek foar motorisearre ferkear, mar yn 2007[1] besliste de Gemeente Ljouwert dat it de baas wie en warje auto's safolle mooglik út it sintrum. Sûnt mei de neamde rûte allinnich noch brûkt wurde troch bussen fan it iepenbier ferfier. Earst waarden der saneamde 'buspeallen' pleatst, dy't yn it weidek fuortsakken as der in bus foarby kaam en dêrnei hurd wer omheech skeaten. Nei't dêrtroch ferskate auto's total loss rekke wiene fan lju dy't gau-gau efter in bus oanrieden om in stik ôf te snijen, waard yn 2014 besletten om de peallen te ferfangen troch flitskamera's.[2][3][4] Yn 2016 waard bekendmakke dat der doe yn in jier tiid foar mear as in heal miljoen euro oan boetes útdield wie oan lju dy't alle ferkearsbuorden en de kamera's ta har eigen skea negearre hiene.[5]
Guon lju dy't in boete krigen hiene, makken mei help fan 'e organisaasje Boetecontrole.nl beswier tsjin 'e gong fan saken. Mids april 2018 die de kantonrjochter útspraak dat de beswiermakkers wolris op alle punten gelyk hawwe koene. Dat kaam om't de amtners fan Stedstafersjoch, dy't de resultaten fan 'e flitskamera's op it Ruterskertier ferwurkje, wetlik gjin foech hawwe om sokke kontrôles út te fieren. Dêrnjonken is (neffens de rjochter) net dúdlik oft de ynset fan kamera's op dit plak überhaupt wol legaal is, en fierders soe it ek bêst ris kinne dat de ferkearsbuorden dy't de automobilisten warskôgje om net fierder te riden, net jildich binne. Neffens Boetecontrole.nl binne sadwaande op it Ruterskertier inkeld boetes rjochtsjildich dy't op it plak sels troch in plysjeman útskreaun binne. De rjochter woe safier (noch) net gean.[1] Yn 2016 gie it om 3.231 bekeurings, en yn 2017 om 3.763. Mar neffens Boetecontrole.nl jildt it fûnis fan 'e kantonrjochter mei weromwurkjende krêft oant en mei 2014, doe't de kamera's en buorden pleatst waarden. De Gemeente Ljouwert koe noch tsjin dit fûnis yn heger berop gean.[1]
Begjin juny 2018 waard bekend dat it tal boetes dat útdield wie op basis fan it kameratafersjoch op it Ruterskertier yn 2017 foars omheech gien wie. Yn dat jier gie it nammentlik om 4.869 gefallen (tsjin 3.231 yn 2016). Sûnt 2014 hie it tal boetes net mear sa heech west. Tagelyk waard fernijd dat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan 'e gemeente Ljouwert trochsette mei it útdielen fan boetes op grûn fan it kameratafersjoch, ek al wiene sokke boetes troch de kantonrjochter ûnjildich ferklearre. It kolleezje folge lykwols de riddenearring fan it Iepenbier Ministearje, dat tsjin dy útspraak yn heger berop gien wie.[6]
Op oankringen fan 'e partijen List 058 en de KristenUny ûnthiet wethâlder Friso Douwsma op 13 novimber 2019 yn 'e Ljouwerter gemeenteriedsgearkomste dat er ûndersykje litte soe oft ek de bussen fan it Ruterskertier warre wurde koene. It foardiel dêrfan soe neffens de beide partijen minder ferkear yn 'e binnenstêd wêze. Boppedat koene der dan oan it Ruterskertier brede trottoirs komme foar terrassen by horekagelegenheden dy't dêr fêstige wiene.[7]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|