Piraatjol
Piraatjol | |||
| |||
Lingte | 2,40 m | ||
Breedte | 1,15 m. | ||
Djipgong | 0,55 m | ||
Gewicht | 35 kg | ||
Bemanning | ienpersoans | ||
Seiloerflak | 3,3 m² | ||
Untwerp | Jaap Kraaier | ||
Jier | 1958 |
In Piraat, Piraatjol of Piraatsje is in lytse sylboat mei allinnich in grutseil, goed fergelykber mei in Optimist.
De ôfmjittings binne 2,40 m lang, 1,15 m breed en 0,55 m djipgong. Hy is ûngefear 30 kg swier en hat in seiloerflak fan 3,3 m². Hy is yn de jierren fyftich ûntwurpen troch Jaap Kraaier en is goed sels te bouwen mei in boutekening fan de ûntwerper sels. It is in ideaal boatsje foar bern om it silen yn te learen of yn te roeien of te fiskjen.
't Piraatsje kin frijwat wyn hawwe. Der kin in bûtenboardmotorke fan 3 pk efter. It boatsje kin ek maklik meinomd wurde op it autodak.