Platte (Súd-Dakota)

Platte is in stêd yn it súdeastlike part fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota. It is ferneamd nei de Platte Creek, in pleatslik sydstreamke fan 'e rivier de Missoury. Neffens in offisjele skatting út 2013 hie Platte doe rom 1.200 ynwenners. It plakje hat in oerflak fan 2,6 km².

Platte
Main Street yn Platte.
Main Street yn Platte.
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Súd-Dakota
County Charles Mix County
Sifers
Ynwennertal 1.244 (2013)
Oerflak 2,6 km² (ynkl. wetter)
2,6 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 465,6 / km²
Hichte 488 m
Oar
Stifting 1880-er jierren
Tiidsône UTC -6
Simmertiid UTC -5
Koördinaten 43°23′11″N 98°50′34″W
Kaart
Main Street yn Platte.
De lizzing fan Platte yn Charles Mix County en yn 'e steat Súd-Dakota.

Skiednis bewurkje seksje

Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan it gebiet troch de blanken, dy't pas yn 1880-er jierren begûn, hearde de krite fan Platte ta it wengebiet fan 'e (Sioux). De namme fan it stedsje komt nei 't skynt fan in pelskeapman dy't Bernard Pratte hiet en dy't op it plak wenne dêr't wat doedestiden de Fish Creek neamd waard, útmûne yn 'e Missoury. It streamke waard letter nei de man ferneamd, mar de namme waard misstavere op in lânkaart (mooglik troch betizing mei de rivier de Platte) en sa kaam de beek en letter ek it stedsje fan 'Platte' te hjitten ynstee fan 'Pratte'.

Yn 1907 krige Platte stedsrjochten. Under de Grutte Depresje, yn 'e tritiger jierren, teagen in protte lju fuort om't der gjin wurk yn Platte wie. Mei dêrom begûn de oerheid doe mei de oanlis fan in daam yn 'e Platte Creek, by wize fan wurkferskaffing. Yn 1956 waard deunby Platte yn 'e Missoury de Fort Randall Dam, in grutte keardaam, oanlein, sadat de Francis Case-mar ûntstie. Yn 1966 kaam de Platte-Winner Bridge oer de opslachmar hinne ree, sadat Platte wer in ferbining oer de rivier hie.

Demografy bewurkje seksje

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Platte 28,4% âlder as 65 jier en 20,4% jonger as 18 jier. Fierders bestie 55,4% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 5,4% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 98,4% blanken; 0,6% Yndianen; 0,1% Latino's; 0,9% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Klimaat bewurkje seksje

Platte hat in lânklimaat, mei waarme simmers en frisse winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 32 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –1 °C. Platte kriget jiers trochinoar 558 mm delslach.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.