Poerdersramp
De Poerdersramp wie in ramp op 25 septimber 1935 yn de Westhoek. It tal manlju hierde in fiskersboat om in dei te poeren, in foarm fan (sport)fiskjen. De rêstige Waadsee feroare troch in opstekkende stoarm yn in kolkjende wettermassa. Nettsjinsteande it manhaftige optreden fan seis Westhoekster fiskerlju, wiene der dochs slachtoffers ûnder de poerders te betreurjen: Bruin Frederik Barendsma, Hendrik Radelaar, Bernardus Tromp en Jacob Verf, allegear út Ljouwert.
De ramp wurdt “de Poerdersramp” neamd, omdat de manlju op see dwaande wiene mei dy foarm fan fiskjen. Poere is in soarte linesysteem wêrby't in strús mei triedden oan in angel mei dêroan wjirms brûkt wurdt om fisk te fangen. Yn de jierren ’30 waard soks in soad dien (letter ek noch wol) foar de Fryske Waadkust. Der waarden sels boaten ferhierd oan minsken mei dat doel. Der kaam in ein oan it poeren oan de Waadkust doe't de Ofslútdyk oanlein waard. Dêrtroch feroare de streaming fan it wetter en de skar bleau wei.
- Oanrin
De fjirtjin manlju dy't elkoar goed koenen hiene har opsplitst yn twa groepen. In oantal fan harren fiske by Koehoal ûnder Tsjummearum, de oaren by de Westhoek ûnder Sint Jabik. Doe't se ôfsetten wie it prachtich waar en stie der hast gjin wyn, mar doe't se op it Waad kamen waard dat ynienen oars. Grutte wolkens mei reinbuoien en fûle wynpûsten soargen foar metershege weagen. De roeiboatsjes waarden stjoerleas. Der waard wol besocht om de manlju te rêden, mar sels de Harnzer rêdingboat koe it wetter net op. Omwenners fan de Ouwedyk en Koehoal koenen de situaasje net langer oansjen en gienen sels it wetter op om de manlju te rêden.
- Roeiboat slacht om
De roeiboat dêr't Hendrik Radelaar, heit fan seis bern yn siet, sloech om. De man koe net swimme en ferdronk. Yn deselde boat siet Bernardus Tromp. Ek hy liet it libben. Radelaar spielde noch deselde dei oan op lân. Twa fan de slachtoffers kamen wer boppe driuwen yn de gemeente It Bilt. De tredde persoan spielde oan yn Frjentsjerteradiel. Jacob Verf waard pas wiken letter fûn op It Amelân.
- Tinkteken
Foar de moedige manlju dy't it wetter opgiene om de ferwezene fiskers op it Waad te rêden is troch Streekbelang East- en Westhoek in tinkteken oprjochte. Dat is op 25 septimber 2010 ûntbleate. It is in keunstwurk fan Marco Goldenbeld út Sint Jabik. Hy makke in stik golvjend stiel wêryn de HD 6 (it rêdingsskip dêr't de manlju it wetter mei opgienen) te sjen is. As de sinne op de dyk skynt, wurdt it projektearre op de dyk.