Boezemwetterskip Bombay

(Trochferwiisd fan Polder Bombay)

Boezemwetterskip Bombay wie in boezumwetterskip fan 550 ha. It lei foar in lyts part yn Fryslân en de rest yn Grinslân (by Achtkarspelen en de gemeente Gruttegast) oan wjerskanten fan de Doezumertocht.

It wetterskip dat yn 1877 oprjochte waard, waard bestjoerd fanút Gruttegaast, en it stie ûnder tafersjoch fan it provinsjale bestjoer fan Grinslân. It wetterskip regele de wetterstân en ûnderhold ek in part fan de Lauwers. De grûnen yn Fryslân wienen frij fan lêsten.

Sûnt 1 jannewaris 1987 bestiet it wetterskip net mear en gie it op yn wetterskip Westerkwartier. Sûnt 2000 leit it wetterskipsgebiet binnen dat fan it Wetterskip Fryslân.

  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Bombay.
  • mr. C.C. Geertsema, De zeeweringen, waterschappen en polders in de provincie Groningen, Grins (1910), s. 110, kaart: Blêd 5
  • K.A.M. Engberts en A.L. Hempenius, Verzamelinventaris van de archieven van de bemalingswaterschappen c.q. -polders zijnde molen- en pomppolders, die in het kerngebied van het waterschap Westerkwartier hebben bestaan, Grins (2010), s. 62