Ponka-We Victors (Wichita (Kansas), 7 july 1981) is in Amerikaansk politika fan etnysk Yndiaansk komôf. Hja waard yn 2011 foar de Demokratyske Partij yn it Hûs fan Offurdigen fan 'e steat Kansas keazen, en is yn it hiele Kongres fan dy steat de iennichste Yndiaanske folksfertsjintwurdiger.

Ponka-We Victors
politikus
echte namme Ponka-We Victors
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 7 july 1981
berteplak Wichita (Kansas)
etnisiteit Papago
Ponka
partij Demokratyske Partij
lid fan it Hûs fan Offurdigen fan Kansas
amtsperioade 2011 – no

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Victors waard yn 1981 berne yn 'e stêd Wichita, yn 'e Amerikaanske steat Kansas. Hja is fan mingd etnysk Ponka- en Papago-komôf, en is sawol lid fan 'e federaal erkende Ponka Stamme fan Oklahoma as fan 'e krektlyk federaal ekende Papago Naasje út Arizona. Yn 2005 behelle Victors in bachelortitel oan 'e Newman Universiteit yn Wichita, en yn 2008 rûne se har stúdzje ôf mei in mastergraad yn bestjoerskunde oan 'e Steatsuniversiteit fan Wichita.

Under har stúdzje hie Victors staazje rûn by it Amerikaanske Kongres. Neitiid fûn se wurk yn 'e stêf fan Delia Garcia, de ôffurdige fan it 103e kiesdistrikt yn it Hûs fan Offurdigen fan Kansas. Doe't Garcia yn 2010 bekendmakke dat se harsels net op 'e nij kandidaat stelle soe foar in sit yn it Steatskongres fan Kansas, holp se tagelyk dêrmei Victors om yn har plak de Demokratyske kandidate foar de sit fan it 103e distrikt te wurden. Yn 'e foarferkiezings wie Victors de iennichste kandidate, en ek by de eigentlike ferkiezings ûnderfûn se gjin wjerstân, mei't de Republikeinen gjin kandidaat tsjin har ynbrochten. Sûnt is Victors twa kear, yn 2012 en yn 2014, mei romme marzje werkeazen.

Yn 2013 kaam Victors yn 'e Feriene Steaten lanlik yn it nijs troch har optreden by in debat yn it Steatshûs fan Offurdigen fan Kansas, oer it foarstel fan 'e Republikeinen om skoalbern dy't slagge wiene foar de middelbere skoalle de tagong ta it universitêr ûnderwiis yn Kansas te ûntsizzen as se bern fan yllegale ymmigranten wiene. De Yndiaanske Victors spriek dêrby de steatssiktaris fan Kansas Kris Kobach, ien fan 'e foarstanners fan dit foarstel, ta mei de wurden: "Dat is grappich, menear Kobach, want as jo it oer yllegale ymmigranten hawwe, dat tink ik dat jo it oer jimme allegearre hawwe."

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.