Ponzifraude
Ponzifraude is in metoade om minsken te besoademiterjen troch in belizzing oan te bieden mei in ekstreem heech rendemint, wêrby't de útbetelle jilden finansiere wurde út de ynlis fan nije klanten.
Namme
bewurkje seksjeDe ponzifraude is neamd nei Charles Ponzi, in Amerikaanske gelokssiker fan Italjaanske komôf.
Mei ponzifraude wurdt de skyn jûn fan in tige súksesfolle belizzing, dêr't hieltiten mear minsken troch oanlutsen wurde: dielnimmers wurdt fersocht om harren bydrage yn te lizzen, wêrby't harren ek hege rendeminten foarspegele wurde. Yn werklikheid wurdt it ynleine jild hielendal net brûkt om yn produktive aktiviteiten te ynvestearen. Faak wurdt beweard dat der in revolúsjonêre belizzingsmetoade útfûn is. De rendeminten lykje yn it earstoan ek helle te wurden en útkeard, wêrnei't mear minsken har ynskriuwe litte. Dêrby wurde ek de útkearings betelle mei de bydragen fan nijkommers.
Ponzifraude hat in protte oerienkomsten mei de piramidespullen al binne der ek inkelde ferskillen: By ponzifraude binne it net de besteande dielnimmers dy't nije dielnimmers sykje moatte, mar dogge de organisatoaren dat. Dielnimmers krije gjin útkearing ôfhinklik fan it tal nijelingen dat se ynbringe, mar ôfhinklik fan de tiidsdoer en de grutte fan de ynlis. Dat makket it ek maklik om de konstruksje te "bemanteljen", dus te fermomjen as in belizzingsprodukt. In gefal fan ponzifraude sil yn stân bliuwe salang't de nijkommers genôch ynlizze om de saneamde "winsten" út te beteljen. It soe der sa útsjen kinne:
- Persoan A start in ponzifraudeskema en belooft in rendemint fan 50% yn 'e moanne. B en C skriuwe elts foar 1000 yn (A hat no 2000);
- Moanne 1: A betellet B en C harren ynlis plus rendemint út (A hat no -1000);
- Moanne 2: B en C fertelle oan oaren dat se safolle fertsjinne hawwe troch A. Dêrtroch skriuwe D, E, F, G en H har yn en bringe 5000 yn (A hat no 4000);
- Moanne 3: Ek D o/m H binne entûsjast dêr't I o/m Z har troch ynskriuwe foar in totaal fan 17000. D o/m H krije mei-inoar 7500 (A hat no 13500);
- Moanne 4: I o/m Z binne ek wol entûsjast, mar der is nimmen mear oer dy't it fertrout en noch net ynskreaun is. A fynt dus gjin ynteressearre lju mear en ferdwynt mei syn winst, I o/m Z binne harren jild kwyt.
Omdat yn dat foarbyld "de baat foar de kost út giet", sil de organisator de taseine rendeminten maklik betelje kinne en der sels in flink bedrach oan oerhâlde. Dat rint goed oant der op in stuit te min dielnimmers bykomme. Dan sil de konstruksje dus ynstoarte en bliuwe in protte dielnimmers mei in ferlies efter.
Ponzifraude liket op in piramidespul, mar hâldt langer stân omdat der minder nije dielnimmers nedich binne. De merk wurdt dus minder hurd "leechfiske". Ponzifraudeskema's wurde bytiden by fersin ek piramidespullen neamd.
De sakeman René van den Berg waard op 14 augustus 2006 feroardiele fanwegen it hantearjen fan ponzifraude. De fan de moard op Ida Klijnstra út De Blesse fertochte man út Frjentsjer dy't himsels yn 2008 deasketten hat, wurdt fertocht fan ponzifraude.
Ek de sakeman Bernard Madoff waard op 11 desimber 2008 arrestearre fanwegen it oplichtsjen fan belizzers yn syn bedriuw foar mear as 50 miljard dollar. Dat is berikt troch it hantearjen fan ponzifraude. It is ien fan de grutste fraudesaken ea. Madoff joech ynvestearders de garânsje fan in rendemint fan 10 persint.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|