Portorikaanske ara
De Portorikaanske ara of de Saint Croix-ara (Ara autocthones) is in útstoarne arasoarte fan 'e Karibyske eilannen Saint Croix (ien fan 'e Amerikaanske Famme-eilannen) en Porto Riko. De fûgel waard yn 1937 beskrean op basis fan in tibiotarsus út it lette holoseen, dy't fûn waard op Saint Croix by it opgraven fan in jiskebult fan in delsetting. By opgravingen fan noch sa'n soarte lokaasje op Porto Riko waarden ek ferskillende bonken fûn en beskreaun yn 2008, wylst in ravensbeksbien (os coracoides) út Montserrat ta dy of in oare útstoarne soarte ara hearre kin.
Portorikaanske ara | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
† Ara autocthones | ||||||||||||
Wetmore, 1937 | ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Portorikaanske ara is ien fan 'e 13 útstoarne arasoarten, wêrfan't sein waard dat dy op 'e Karibyske eilannen libbe ha. Ara's waarden al fier foar de komst fan 'e Europeanen troch de lânseigen folken oer lange ôfstannen transportearre. Dêrfandinne is it net mear mooglik om fan soarten dy't allinne fan bonken of fermeldingen bekend binne, fêst te stellen of it in lânseigen of in ymportearre fûgel wie.
Mei't der allinne bonken fûn binne, kin de kleur fan 'e Portorikaanske ara net fêststeld wurde. Besteande ara's wurde ferdield yn twa groepen fan lytse en grutte ara's. De bonken fan 'e Portorikaanske ara sitte dêr wat tusken yn. De fûgel wie krekt wat grutter as de útstoarne Kubaanske ara (ara tricolor). Allinne de blaukielara (Ara glaucogularis) en de lytse hyasintara (Anodorhynchus leari) ha deselde maat.
Lykas oare arasoarten yn it Karibysyke gebiet wurdt fan 'e Portorikaanske ara oannommen dat de minske de fûgel útroege hat, sa't dat bliken die út it feit dat de resten fan 'e fûgel yn 'e jiskebulten fûn binne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen en referinsjes: en:St. Croix macaw
|