Echte ara's
Echte ara's (Ara) binne in fûgelskaai fan 'e famylje fan 'e Pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae). Se libje yn Súd-Amearika en Midden-Amearika. Oer de omfang fan it skaai bestiet sûnt lang gjin ienriedigens. Neffens de lêste konsensus falle ûnder it skaai noch acht besteande soarten. Twa soarten binne útstoarn.
Echte ara's | ||
reade ara, blaugiele ara, soldate-ara. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
skift: | pappegaai-eftigen (Psittaciformes) | |
boppefamylje: | pappegaaien of echte pappegaaien (Psittacoidea) | |
family: | pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae) | |
ûnderfamylje: | arafûgels (Arinae) | |
tûke: | ara's (Arini) | |
Lacépède, 1799 | ||
It wurdt ara is lânseigen en in klankimitaasje út de rop fan 'e fûgels. Dy typyske lûden binne allinne eigen oan 'e gruttere soarten. It skaai waard foar it east definiearre troch de Frânske natoerûndersiker Bernhard Germain de Lacépède yn 1799.
Algemien akseptearre soarten
bewurkje seksjeAlle arasoarten geane yn oantallen efterút of wurde bedrige. Fan trije is de wylde populaasje sa lyts, dat se grut gefaar rinne út te stjerren.
List fan echte ara's
bewurkje seksjeEchte Arasoarten | |||
---|---|---|---|
Ofbyld | wittenskiplike namme | Fryske namme | Status |
Ara ambiguus | grutte soldate-ara | krityk | |
Ara ararauna | blaugiele ara | net bedrige | |
Ara chloropterus | grienwjukara | net bedrige | |
Ara glaucogularis | blaukielara | krityk | |
Ara macao | reade ara | net bedrige | |
Ara militaris | lytse soldate-ara | gefoelich | |
Ara rubrogenys | readwangara | krityk | |
Ara severus | dwerchara | net bedrige | |
Ara tricolor | Kubaanske ara | útstoarn | |
Ara autocthones | Portorikaanske ara | útstoarn |
Hypotetyske soarten
bewurkje seksjeAra's waarden al foar de komst fan Europeanen troch de lânseigen folken fan Súd-Amearika nei Karibyske eilannen transportearre. De Paleo-Amerikanen joegen op de fûgels foar it fleis en de fearren en hannelen yn 'e fûgels. Se joegen inoar en letter ek Kristoffel Kolumbus ara's as geskink. Dêrom is it lestich fêst te stellen of de eartiidske fermeldingen fan ara's op dy eilannen endemyske soarten wiene of dat it om ynfierde fûgels gyng.
Der soene teminsten trettjin Karibyske útstoarne soarten ara's west ha. Fan mar trije soarten dêrfan binne resten oerbleaun: de Kubaanske ara (Ara tricolor), de Gûadelûpara (Ara guadeloupensis) en de Porto Rikaanske ara (Ara autocthones; ek: Saint Croix-ara). Foar sa fier se bestean ha, binne alle arasoarten op 'e Kariben útstoarn.
Njonken dy trije bekende soarten binne der ek hypotetyske soarten, dy't allinne bekend binne fan rapporten en ferslaggen. In oantal fan dy soarten waarden oan it begjin fan 'e 20e iuw troch Walter Rothschild neamd en krigen in namme.
Der waarden ek oare soarten neamd, mar de measten krigen nea in wittenskiplike namme.
List fan hypotetyske soarten ara's
bewurkje seksjeHypotetysk útstoarne soarten | |||
---|---|---|---|
Ofbyld | wittenskiplike namme |
Fryske namme |
Ferspriedingsgebiet |
Ara erythrocephala | Readkopara | Jamaika | |
Ara gossei | Jamaikaanske reade ara | Jamaika | |
Ara martinica | Martinyk-ara | Martinyk | |
Ara atwoodi | Dominika-ara | Dominika | |
Ara guadeloupensis | Gûadelûpara | Gûadelûp |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen en referinsjes op: en:Ara (bird)
|