Martinykara

(Trochferwiisd fan Martinyk-ara)

De Martinykara of oranjebúkara (Ara martinicus) is in hypotetysk útstoarne fûgelsoarte, dy 't mooglik endemysk west hat op it Lyts-Antiljaanske eilân Martinyk yn it eastlike Karibyske See.

Martinykara
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famylje pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae)
skaai echte ara's (Ara)
soarte
† Ara martinicus
Rothschild, 1905
ferspriedingsgebiet

De Martinykara waard troch Jacques Bouton yn 'e jierren 1630 beskreaun as in fûgel mei in fearrekleed dy't hiel oars fan kleur wie as de oare pappegaaien. De fûgels wiene blau en oranjegiel.

De Frânske preester Charles de Rochefort beskreau yn 1658 de Martinykara as in fûgel mei in himelsblauwe kop en boppekant, wylst de ûnderkant fan 'e nekke, de búk en de ûnderkant fan 'e wjukken giel wiene. De sturt wie hielendal read.

Yn 1905 krige de fûgel fan Walter Rothschild de wittenskiplike namme, dy't basearre wie op in beskriuwing fan blauwe/oranjegiele ara's út 1630 fan Bouton. Alhoewol't de sturt fan 'e Martinykara neffens Rochefort hielendal read wie, krige de troch John Gerrard Keulemans makke plaat fan 'e fûgel yn Rothschild's boek "Extinct Birds" in blauwe punt. De Amerikaanske ornitolooch Charles Wallace Richmond klage dêroer yn syn resinsje fan it boek.

Hypotetyske soarte

bewurkje seksje

Pappegaaien spilen al fier foar de komst fan 'e Europeanen in wichtige rol yn 'e kultuer fan 'e lânseigen folken. Se waarden tusken eilannen ferhannele en hearden ta geskinken foar bygelyks Christoffel Columbus, doe't er yn 1492 de Bahama's berikte. It is dêrom dreech út te meitsjen of it grutte oantal ferslaggen fan ara's op 'e eilannen ferwize nei ôfsûnderlike, endemyske soarten. It kinne nammentlik ek ûntsnapte fûgels of ferwyldere populaasjes west ha fan bekende bûtenlânske ara's, dy't dêrhinne brocht waarden.

De Martinykara is ien fan 'e 13 útstoarne arasoarten, wêrfan't guon tochten dat dy ea yn it Karibyske gebiet libben. Hjoed-de-dei wurdt twifele of al dy soarten wol ea bestien ha, want fan 'e measten binne nea fisike resten fûn. Ek libje der hjoed-de-dei gjin endemyske ara's op 'e eilannen. Dêrfandinne is it net mooglik om fêst te stellen of de beskriuwingen út dy tiid ferwize nei ymportearre of lânseigen soarten.

 
Unidentifisearre blau mei giele ara, mooglik ôfkomstich fan Jamaika, dy't ek in foarstelling fan 'e Martinykara foarstelle wêze kinne soe (1750).

It bliuwt dêrom in mystearje hokker fûgel Bouton beskreau en der besteane ferskillene teoryën oer. De Italjaanske soölooch Tommaso Salvadori skreau yn 1906 dat de Martinykara de Súd-Amearikaanske blaugiele ara (Ara ararauna) west hawwe kin. De Amerikaanske ornitolooch James Greenway stelde út dat de fûgel fan Bouton's beskriuwing mooglik in finzen fûgel wie.

Op in skilderij fan Roelant Savery út 1626 steane ferskillende fûgels, wêrûnder in blau mei giele ara, mar dy ferskilt mei de bekende blaugiele ara fan it fêstelân troch de giele dekfearren ûnder de sturt (yn stee fan blauwe dekfearren ûnder de sturt). De oarsprong fan dy ara is net bekend. In oare ara op it skilderij soe de ek útstoarne Gûadelûpara (Ara guadeloupensis) west ha kinne. Op in oar skilderij út deselde tiid fan Savery stiet in ferlykbere blau mei giele ara, lykas ek op in yllustraasje fan 'e Ingelske naturalist Eleazar Albin út 1750. Yn 1936 sei de Kubaanske wittenskipper Mario Sánchez Roig in opstoppe Martinykara ûntdutsen te ha, dy't yn 1845 sammele wêze soe. Nei ûndersyk troch de Amerikaanske ornitolooch John T. Zimmer die bliken dat de opstoppe fûgel in ferfalsking wie troch it materiaal fan in Patagoanyske rotsparkyt (Cyanoliseus patagonus) mei in sturt fan in do te kombinearjen. Guon skriuwers ha útsteld dat de waarnommen Martinykara's yn werklikheid blaugiele ara's (Ara ararauna) wiene.

De soarte Ara erythrura wie in oare soarte, dy't fan Rothschild yn 1907 in namme op basis fan 'e beskriuwing fan Charles de Rochefort út 1658 krige, mar oannommen wurdt dat dy fûgel deselde west hat as de Ara martinicus (Martinykara), as dy fûgel teminsten ea bestien hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en referinsjes: en:Martinique Macaw