Grutte soldate-ara
De grutte soldate-ara of grutte griene ara (Ara ambiguus) is in tige seldsume arasoarte. De hiele wrâldpopulaasje fan 'e soarte wurdt op mar 500 oant 1000 fûgels rûsd. Dêrfan libbet in grut part yn Kosta Rika. De IUCN beöardielet de status fan 'e fûgel as krityk.
Grutte soldate-ara | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Ara ambiguus | ||||||||||||
Bechstein, 1811 | ||||||||||||
IUCN-status: krityk
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe grutte soldate-ara hat in lingte fan 85 oant 90 sm en in gewicht fan likernôch 1,3 kg. It is ien fan 'e grutste pappegaaiesoarten fan 'e wrâld en de grutste yn syn ferspriedingsgebiet. It fearrekleed is foar it measte grien. De foarholle is fel read, wylst de punten fan 'e wjukken, de boppekant fan 'e sturt en de ûnderrêch fealblau binne. De sturt is readbrún en oan 'e punten blau.
Lykas oare ara-soarten hat de grutte soldate-ara in keal gebiet om it each, dat yn syn gefal rôze fan kleur is mei donkere streekjes. Dy donkere streekjes binne koarte fearkes, dy't mei in hegere leeftyd readbrún wurde. By wyfkes binne dy streekjes hast altiten readbrún.
Dizze soarte kin 50 oant 60 jier, maksimaal 70 jier wurde.
De grutte soldate-ara liket in hiel soad op de nau oan him besibbe lytse soldate-ara, mar is in stik grutter.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe grutte soldate-ara libbet yn Midden- en Súd-Amerika yn Hondoeras, Nikaragûa, Kosta Rika, Panama, Kolombia en Ekwador yn 'e fochtige bosken fan leechlân. Syn ferspriedingsgebiet is oant in hichte fan 600 m, mar yn it grinsgebiet fan Panama en Kolombia is de fûgel oant op hichtes fan 1500 m waarnommen.
Undersoarten
bewurkje seksjeDe grutte soldate-ara telt twa ûndersoarten:
- A. a. ambiguus: fan eastlik Hondûras oant noardwestlik Kolombia.
- A. a. guayaquilensis: westlik Ekwador.
Iten
bewurkje seksjeIt iten fan 'e grutte soldate-ara bestiet út fruit fan 'e Dipteryx panamensis yn Sintraal-Amerika of de Cavanillesia plantanifolia yn it mear súdlike diel fan it ferspriedingsgebiet.
Fuortplanting
bewurkje seksjeGrutte soldate-ara's binne hoalebrieders en briede fan juny oant en mei novimber. It nêst sit heech yn 'e stam fan 'e beam. It wyfkes leit trochstrings 2 of 3 aaien, dy't nei 26 dagen útkomme. De jongen ferlitte nei hûndert dagen it nêst. Jonge fûgels binne yn alle gefallen yn finzenskip nei 5 jier folwoeksen en nei 6 of 7 jier geslachtsryp.
Status
bewurkje seksjeYn Sintraal-Amerika ferdwynt de oarspronklike begroeiing troch it oanlizzen fan plantaazjes en it omsetten fan natoer yn lânbou en feehâlderij. It kappen fan bosk fynt al jierren op grutte skaal plak. Yn Panama is al mear as in tredde fan 'e bosken ferdwûn en yn Kosta Rika en Ekwador is fan it oarspronklike boskareaal oer de lêste 100 jier al sa'n 90% ferdwûn. Yn Súd-Amerika binne plannen om min tagonklike gebieten te ûntsluten en de ynfrastruktuer foars út te wreidzjen, itjinge ek in taname fan houtkap, lytsskalige lânbou, yllegale plantaazjes, mynbou en jacht betsjut, dy't ek in pear belangrike beskerme gebieten treft.
Grutte gebieten yn it west fan Ekwador wurde opkocht, ûntboske en omset yn grutskalige oaljepalmplantaazjes. It ferstedskjen en de lânbou ha de guayaquilensis foar in grut part útroege. De fûgel wurdt sketten om't er skea oan it gewaaks bringe soe en fierder wurdt er yllegaal fongen foar de hannel, it fleis of foar de fearren.
Yn Kosta Rika is foar de grutte soldate-ara it Refugio de Vida Silvestre Maquenque oprjochte.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|