Dominika-ara
De Dominika-ara (Ara atwoodi) of Atwoods-ara is in hypotetysk útstoarne arasoarte, dy't libbe hawwe soe op it eilân Dominika. De fûgel is allinne bekend fan 'e beskriuwingen fan 'e Britske koloniale rjochter Thomas Atwood yn syn yn 1791 publisearre boek "The History of the Island of Dominica".
Dominika-ara | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mooglike foarstelling fan 'e Dominika-ara troch John Gerrard Keulemans, (1876) | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
† Ara atwoodi | ||||||||||||
Clark, 1908 | ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Neffens de beskriuwing fan Atwood wiene it lûdroftige fûgels mei in prachtich grien en giel fearrekleed. De hûd om it each wie oant de woartel fan 'e snaffel readeftich. Se hiene harren nêsten heech yn 'e beammen, dêr't se yn grutte groepen beien ieten. Op 'e fûgel waard jage foar it fleis, dat tige fet wie en net in soad smaak hie. Dêrom waard fan 'e fûgels fral sop makke, dat as tige streksum beskôge waard.
De soölooch Austin Hobart Clark dielde yn 1905 de fûgel ynearsten by de Gûadelûpara (Ara guadeloupensis) yn, mar nei't Clark op 'e beskriuwing fan Atwood attindearre waard, fermelde er yn 1908 de fûgel as in aparte soarte. Om 't der gjin argeologyske resten fan 'e fûgels fûn binne, wurdt de Dominika-ara meast as in hypotetysk útstoarne soarte beskôge.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen en referinsjes: en:Dominican green-and-yellow macaw
|