Grienwjukara
De grienwjukara (Ara chloropterus) is in grutte fûgelsoarte fan it skaai ara's. De fûgel is ien fan 'e grutste soarten fan it skaai en hat in grut ferspriedingsgebiet yn 'e bosken fan Noard- en Sintraal-Súd-Amearika. Troch yllegale strûperij en it ferlies oan biotoop is de fûgel lykas oare arasoarten yn oantal efterút gien.
Grienwjukara | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Ara chloropterus | ||||||||||||
Gray, 1859 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe grienwjukara is maklik te ûnderskieden fan 'e reade ara. Wylst it boarst fan beide fûgels helderread is, binne de grutte dekfearren fan 'e grienwjukara foar it grutste part grien (wylst dy fan 'e reade ara meast giel of giel en grien binne). Dêrnjonken hat de grienwjukara karakteristike reade streekjes om 'e eagen fan lytse fearkes op 'e fierder neakene wite hûd. De irisearjende blaugriene fearren fan 'e sturt binne mei read ôfset. De grienwjukara is ek dúdlik grutter as de reade ara.
Wat de lingte oanbelanget is de grienwjukara op ien nei de grutste ara. Allinne de hyasintara is noch grutter. In folwoeksen grienwjukara is likernôch 90 oant 95 sm lang en weecht tusken 1 en 1,7 kg.
Nêst
bewurkje seksjeGrienwjukara's foarmje in pearke foar it libben. It wyfke leit twa oant trije aaien yn in beamholte. De aaien wurde likernôch 28 dagen bebret en nei it útkommen fleane de piken nei 90 dagen út.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe fûgels komme yn bosk en savanne's oant in hichte 1500 m foar.
De histoaryske fersprieding fan 'e soarte wie nei it suden ta oant de Argentynske provinsjes Chaco, Corrientes, Formosa en Misione. De jacht foar it fleis, de hannel as koaifûgel en feroaringen yn it lângebrûk wiene de oarsaak fan it ferdwinen fan 'e fûgel yn Argentynje yn 'e jierren 1960. Foar Argentynje stiet de fûgel as krityk klassifisearre. Healwei de jierren 2010 binne der wer fûgels ûntdutsen yn it Nasjonaal Park Iguazú en sûnt 2019 is de soarte ek werom yn it Provinsjale Park Puerto Penínsyla. Fierder is der in weryntroduksjeprogramma fan ferskillende dielnimmende organisaasjes yn it Provinsjale Reservaat Iberá yn 'e provinsje Corrientes. Fûgels út Britske finzenskip binne yn 2015 ymportearre en binne yn febrewaris 2019 frijlitten.
Sûnt 1999 komt de fûgel ek foar op Trinidad. Mooglik binne dy fûgels út finzenskip ûntsnapt, mar it is ek mooglik dat se dêr út harren sels kommen binne en dêrmei harren ferspriedingsgebiet útwreide ha.
De wylde populaasje fan 'e grienwjukara wurdt op it stuit tusken 50.000 en 499.999 fûgels rûst.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|