Powder (rivier yn Montana)

(Trochferwiisd fan Powder River (Montana))

De rivier de Powder (útspr.: ['paudǝɹ]; Assiniboin: Caȟní Wakpá, útspr.: [ʧax'ni: wak'pa:]) is in 604 km lange sydstream fan 'e rivier de Yellowstone, yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Montana en it noardeasten fan 'e steat Wyoming. Hy ûntwetteret in krite fan likernôch 61.000 km² dy't histoarysk bekend stie as it Powderrivierlân, mar dat tsjintwurdich almeast oantsjut wurdt as it Powder River Basin (oftewol de "Dobbe fan de Powderrivier"), op 'e heechflakte eastlik fan 'e Bighornbergen. Syn namme, dy't fan gun powder ("buskrûd") komt, hat de rivier te tankjen oan it sân by in diel fan 'e iggen lâns, dat de iere ûntdekkingsreizgers oan buskrûd tinken die. Dizze Powderrivier moat net betize wurde mei Powder yn 'e steat Oregon.

Powder
De rivier de Powder yn Johnson County, Wyoming.
De rivier de Powder yn Johnson County, Wyoming.
geografy
lân Feriene Steaten
steat Montana
Wyoming
ûntspringt yn gearrin fan de Middle Fork en de North Fork
lokaasje boarne by Kaycee
mûnet út yn de Yellowstone (rivier)
lokaasje mûning by Terry
sydstreamen Lytse Powder
sifers
lingte 604 km
hichte boarne 1.391 m
hichte mûning 683 m
ferfal 708 m
ôfwetteringsgeb. 61.000 km²
It ôfwetteringsgebiet fan de Yellowstone mei de Powder.

De Powder fynt syn oarsprong yn trije fertakkings yn 'e bergen fan Wyoming. De noardlike en middelste dêrfan ûntspringe op 'e eastlike skeanten fan 'e Bighornbergen, wylst de súdlike begjint op 'e noardkant fan 'e berch de Garfield Peak, yn 'e Granytbergen bewesten de stêd Casper. De trije fertakkings komme byinoar yn it heuvelige foarlân fan 'e Bighornbergen, yn 'e neite fan it stedsje Kaycee. De feriene rivier streamt dêrwei beëasten de Bighorns noardoan oer de grins mei Montana, dêr't de Lytse Powder deryn útmûnet by it stedsje Broadus. De Powder sels mûnet likernôch 80 km streamôf fan Miles City, yn 'e neite fan it stedsje Terry, út yn 'e Yellowstone.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.