Powerwolf
Powerwolf is in Dútske powermetalband oprjochte yn 2003 yn Saarbrücken. De band brocht yn 2005 syn debútalbum Return in Bloodred út. De teksten fan de band gean benammen oer wearwolven, tsjustere mearkes, horror, religy en seks. Powerwolf hat acht studio-albums en fjouwer live-albums útbrocht.
Powerwolf | ||
band | ||
Logo fan Powerwolf | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Dútsk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Metal | |
bestean | 2004 – No | |
âld-leden | Stéfane Funèbre drums (2004-2010) Tom Diener drums (2010-2011) | |
leden | ||
Sang | Attila Dorn | |
Gitaar | Matthew Greywolf | |
Toetsen | Falk Maria Schlegel | |
Bas | Charles Greywolf | |
Drums | Roel van Helden |
Skiednis
bewurkje seksjePowerwolf waard yn 2003 oprjochten troch Charles Greywolf en Matthew Greywolf. Yn tsjinstelling ta it grutste gros fan de powermetalbands brûkt Powerwolf corpse-paint by harren shows, en tsjustere tema's yn harren teksten. Yn 2005 brochten se it album Return in Bloodred yn 2007 folge troch it album Lupus Dei. Yn maart 2010 nei it yn 2009 útkommen tredde studio-album Bible of the Beast ferliet drummer Stéfane Funèbre de band, en waard ferfongen troch Tom Diener earder fan Tomorrow's Eve. Mar nei in lyts jier yn maaie 2011 waard Diener alwer ynwiksele foar de Nederlânske drummer Roel van Helden earder fan Delphian. Yn july 2011 kaam it fjirde album Blood of the Saints op papier noch net mei de nije drummer van Helden. nei dit album binne der oant no ta noch fjouwer albums útkaam de lêste wie oant no ta it album Call of the Wild dêr't op de 2de-cd mei de titel Missa Cantorem, covers steane fan de nûmmers fan it sânde album The Sacrament of Sin mar dan mei gastmuzikanten sa is er in twadde ferzje fan de single Demons Are a Girl's Best Friend mar dan mei Alissa White-Gluz fan Arch Enemy op sang yn stee fan Attila Dorn.
Diskografy
bewurkje seksjeStudio-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Label | Singles |
---|---|---|---|
Return in Bloodred | 4 april 2005 | Metal Blade | |
Lupus Dei | 7 maaie 2007 | In Blood We Trust | |
Bible of the Beast | 27 april 2009 | Raise Your Fist, Evangelist | |
Blood of the Saints | 29 july 2011 | Sanctified with Dynamite, We Drink Your Blood | |
Preachers of the Night | 19 july 2013 | Napalm Records | Amen & Attack |
Blessed & Possessed | 17 july 2015 | Army of the Night, Armata Strigoi | |
The Sacrament of Sin | 20 july 2018 | Demons Are a Girl's Best Friend, Midnight Madonna, Fire & Forgive, Incense & Iron | |
Call of the Wild | 16 july 2021 | Beast of Gévaudan, Dancing with the Dead | |
Wake Up the Wicked | 26 july 2024 | 1589, Sinners of the Seven Seas |
Live-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Label |
---|---|---|
Alive in the Night | 13 maart 2012 | Metal Hammer |
Live at Masters of Rock | 2016 | Napalm Records |
The Metal Mass - Live | 29 july 2016 | |
Preaching at the Breeze | 6 jannewaris 2017 |
Kompilaasje-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op |
---|---|
The History of Heresy I (2004-2008) | 24 juny 2014 |
Best of the Blessed | 3 july 2020 |
Interludium | 7 april 2023 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|