Bratislava
(Trochferwiisd fan Pozsony)
| |||
Lân | Slowakije | ||
Distrikt: | Bratislavský kraj | ||
Ynwennertal | 426.021 (2009) | ||
Oerflak: | 367,584 km² | ||
Koördinaten: | 48° 9' N, 17° 8' O | ||
Webside: | www.bratislava.sk |
Bratislava, foarhinne ek bekend ûnder de Hongaarske namme Pozsony en de Dútske namme Preßburg, is de haadstêd fan Slowakije en mei sa likernôch 426.000 ynwenners ek de grutste stêd fan it lân. De stêd leit yn it súdwesten fan Slowakije, oan beide iggen fan de Donau. De stêd leit oan de grins mei Eastenryk en Hongarije, en is dêrmei de iennichste haadstêd op de wrâld dy't oan twa oare lannen grinzet. Beide lannen hawwe in grutte ynfloed op de ûntjouwing fan de stêd hân. Wenen leit op 60 km ôfstân fan Bratislava.
Befolking
bewurkje seksjeBratislava hat in frij grutte Hongaarske minderheid, sa likernôch 16.000 minsken. Dêrneist wenje der noch 7.500 Tsjechen en 1.200 Dútskpraters.
Berne yn Bratislava
bewurkje seksje- Johann Nepomuk Hummel (1778-1837), Boheemsk komponist en pianist
- Philipp Eduard Anton Lenard (1862-1947), Hongaarsk natuerkundige en Nobelpriiswinner
- Edita Gruberová (* 1946), operasjongster
- Ľubomír Ftáčnik (1957), skaker
- Martina Schindler (1988), sjongster
Stedsbyld
bewurkje seksje-
Boarch fan Bratislava oan de Donau
-
Bratislava
-
Presidinsjeel paleis
-
Aartsbiskoplik paleis
-
Slowaaksk nasjonaal teäter
-
Most Apollo (Apollo brêge)
-
Blauwe tsjerke
-
Kleaster Trinitárov
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bratislava fan Wikimedia Commons. |